Ferbod op mear as trije krystgasten bestiet net

desimber 12, 2020 21:36

Mei de krystdagen meie húshâldens yn Nederlân op syn heechst trije gasten ûntfange. Of net? Hoe sit dat krekt.

De Nederlânske premier Mark Rutte sei it dizze wike op in parsekonferinsje: “Het is niet voor niets een van de meest gestelde vragen van de laatste weken: wat kunnen we met de Kerst? Het antwoord is: helaas niet meer dan de laatste maanden. Dus per dag maximaal drie gasten vanaf dertien jaar thuis ontvangen en niet naar een restaurant.”

It stiet ek op ferskate websiden fan de Ryksoerheid:

“Thuis, zowel in huis als in de tuin of op het balkon, ontvangt u 1 groep van maximaal 3 personen per dag (exclusief kinderen t/m 12 jaar).” (boarne)

“U mag thuis maximaal 3 personen op bezoek krijgen. Kinderen tot en met 12 jaar tellen niet mee.” (boarne)

Dochs bestiet der gjin ferbod op it ûntfangen fan fjouwer gasten of mear. Dat skriuwt heechlearaar rjochtswittenskip Jan Brouwer op it juristewebstee Omgevingsweb:

“Voor maatregelen in een woning – achter de voordeur – biedt de wet geen enkele ruimte. Dit betekent dat wat er in het voorjaar gebeurde – boa’s die thuis controleerden of er in strijd met de noodverordening niet te veel bezoek aanwezig was – niet meer kan voorkomen.” (boarne)

De nije koroanaregels wurde net langer makke troch de feilichheidsregio’s, mar troch de Ryksoerheid. De basis is de Tijdelijke wet maatregelen covid-19. Dy wurdt konkreter makke troch de Tijdelijke regeling maatregelen covid-19 en de Regeling aanvullende mondkapjesverplichtingen covid-19. Jurist Thomas Sanders leit op Omgevingsnet út wat de relaasje tusken dy trije teksten is.

Net ien fan dy teksten befettet in beheining op it tal gasten yn de eigen wente. De premier en de websiden fan de Ryksoerheid jouwe dan ek misliedende ynformaasje. De ôfwaging oft it tûk is en ûntfang thús in grutter tal gasten mei elkenien sels meitsje, der is gjin wet dy’t soks ferbiedt.

Brouwer kaam yn april ek yn it nijs mei krityk op de presintaasje troch de oerheid fan in fiktyf maksimum op it tal gasten yn ‘e eigen wente (link).

desimber 12, 2020 21:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.