Feie Fonyk: Oer komplotteoryen

desimber 10, 2020 08:28

Kollum

Minsken leauwe de gekste dingen. Ien fan de wichtichste útgongspunten moat bliuwe dat de bewiislêst by de sprekker leit. Filosoof Herman Philipse komt mei it foarbyld fan de reade koal dy’t op grutte hichte om de ierde draait. Kinst net bewize dat dat net wier is. Dat is net te bewizen. Nee, dy’t dat seit moat sels bewize dat it wol wier is. Dy reade koal, dat sil net ien leauwe, mar der dûke de lêste tiid wat langer wat mear ferhalen op dy’t net wier binne, mar wol wier wêze kinne. Hoe moatst dêr mei omgean? Stichting Skepsis jout yn syn lêste útjefte fan it tydskrift Skepsis in tal tips. It giet oer “broadsje-aapferhalen”, mar de oanpak is ek fan tapassing op minsken dy’t mei in komplot komme.

  1. Binne sokke minsken te goederleauwsk, te maklik fan oanimmen? Wurde se oanlutsen troch alles wat nij, spannend en eins net te leauwen is? Minsken dy’t yn spûken leauwe, leauwe bygelyks ek yn fleanende skûtels, nôtsirkels en oantinken oan in foarich libben.
  2. Brûk dyn sûn ferstân. Wat sein wurdt, moat yn oerienstimming wêze mei hoe’t de wrâld en it libben yninoar sitte.
  3. Binne der minsken dy’t belang hawwe by wat sein wurdt? Foarstanners fan ekonomyske groei soene skeptysk wêze kinne oer de opwaarming fan de ierde.
  4. Stel dat ien seit dat it koroanafirus mei opsetsin yn de wrâld brocht is, is dat dan in bettere ferklearring as de meast foar de hân lizzende dy’t no gongber is? Nammentlik dat it firus oersprongen is fan bisten op minsken. Soks is yn it ferline faker bard.
  5. Binne de minsken dy’t wat ûnwierkskynliks sizze, earder op ûnwierheden betrape? In moai foarbyld is presidint Trump, dy’t yn de fjouwer jier dat er oan ’e macht is fan alles byinoar liigd hat.
  6. Wittenskippers besykje sa goed mooglik út te meitsjen wat de feiten binne en wat de wierskynlikste ferklearring is. Soms moatte se tajaan dat se it gewoan net wite. Pseudowittenskippers of komplottinkers fine soks net wichtich en sykje leaver nei dingen dy’t harren stânpunten stypje, en hâlde gjin rekken mei saken dy’t tsjin harren ideeën pleitsje.

Yn de praktyk hat it gjin doel en gean mei komplottinkers yn diskusje. Se litte har net oertsjûgje. Se binne der te dom foar of it hat mei harren stege karakter te krijen. En tajûn: soms blykt it komplot wier te wêzen. Aanst blykt dat George Soros dochs Covid yn de wrâld brocht hat.

desimber 10, 2020 08:28
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Nynke Beetstra desimber 10, 17:50

    Der binne ek tal fan minsken dy’t leauwe dat der in god is. Dêrfan is ek net te bewizen oft it wier of net wier is.

  2. Linda Marie desimber 16, 16:38

    #5. Dat “president Trump dy’t yn de fjouwer jier dat er oan ’e macht is fan alles byinoar liigd hat.” Werkelijk? Uit wat voor brilleglazen kijkt deze schrijver? President Trump heeft ontzettend veel goed gedaan en zeker niet zitten te liegen, dat heeft de linkse partij gedaan en daar is hard bewijs voor te zien. Het is de media die dat niet aan het licht brengt! Journalisme bestaat niet meer, de een babbelt de ander na en zoekt niet naar de waarheid. Zo, wie is de komplottinker?

  3. Feie Fonyk desimber 16, 17:57

    Yn it stik fan my stiet:

    Yn de praktyk hat it gjin doel en gean mei komplottinkers yn diskusje. Se litte har net oertsjûgje. Se binne der te dom foar of it hat mei harren stege karakter te krijen. Of: se lêze alline wat se lêze wolle, sis ik derby.

    Groetnis, Feie

  4. Nanne Hoekstra desimber 19, 15:54

    Mocht Linda Marie al lêze wolle wat de media allegearre wol net oan it ljocht bringe, sjoch dan de ûnôfhinklike Wikipedia: https://en.wikipedia.org/wiki/Veracity_of_statements_by_Donald_Trump. Dêr docht út bliken dat de hjoeddeistige presidint fan de Feriene Steaten yn syn amtstermyn oant begjin septimber 2020 it ûnhuere oantal fan 22.510 ûnwiere en misliedende útspraken dien hat. Dêr sit de ligerij oer de ferkiezingsútslaggen dus noch net iens by. Sjoch dêrfoar en foar folle mear it bewiismateriaal op: https://www.politifact.com/personalities/donald-trump/. De lju efter dy side kontrolearje likegoed útspraken dy’t yn de fermiddens fan de oare Amerikaanske partij dien wurde.

    Wêr binne de ‘hurde bewizen’ dat de alternative feiten fan Trump wol doge soene, dêr’t Linda Marie fan beart? Wat roppe en raze, dat docht de masterliger himsels ek. Dat kin hy him blykber feroarloovje. Mar it moat hjirre fansels gjjn wizânsje wurde. Dat, lit mar ris konkreet witte wêr’t de sjoernalistyk dan krekt mis mei is.

  5. jabik desimber 19, 16:18

    “It stie op Facebook”, is foar de komplottinker foldwaande bewiis.

  6. Anne desimber 23, 17:41

    Wat te denken van het coronavirus? Het enige wat zeker is, is dat het virus bestaat maar hoe het is ontstaan of wat het veroorzaakt is niet bekend. Alle regels die zijn opgesteld zijn allemaal opgesteld op basis van aannames en vermoedens maar niet op feiten, dus kunnen we niet anders dan dat we dit moeten beschouwen als een complottheorie die alles kapot maakt en de mensen ongelukkig maakt.

  7. Nanne desimber 23, 21:43

    Sjoch mar ris efkes yn de sikehûzen, Anne. In feit is dat dy fol lizze. Nettsjinsteande de ûnhuere maatregels. Der is genôch kennis om te witten dat dy fertuten dogge. Mar dus noch te min effekt hawwe om de soarch te ûntlinzgjen. In alternatyf is fansels dat elkenien dy’t tinkt goed hecht te wêzen it normale libben trochset en alle swakkeren en âlderen krepearje lit. Dat is likegoed in mooglike kar. Mar doar dat dan planút te sizzen. Noflike krystdagen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.