Feie Fonyk: Nochris oer ‘Passend Onderwijs’

desimber 3, 2020 08:34

Kollum

Miskien hawwe jo wolris Sineeske akrobaten sjoen dy’t op tinne stokjes in grut tal boardsjes tagelyk draaie litte. Ik soe al muoite hawwe om ien board oan ’e gong te hâlden. Mar by de bêste Sinezen is der ek in maksimum. Oan dy Sinezen moast ik tinke doe’t ik koartlyn oer ‘Passend Onderwijs’ lies. It blykt dat der op it stuit tûzenen learlingen thús sitte, omdat der gjin skoalle foar harren te finen is. Yn it ferline hiene wy it spesjaal ûnderwiis. Dêr koene bern terjochte dy’t yn in gewoane skoalle harren gerak net krigen.

Us regear hat yn in fleach fan ferstânsferbjustering it beslút nommen dat dy skoallen ferdwine moatte. It soe, neffens de bewâldslju, better wêze om alle bern yn it gewoane ûnderwiis op te heinen. Dat betsjut dat juffer of master – mar dy binne der hast net – der mar mei rêde moat. Dat slagget net, want hoe kinne se yn sa’n grutte groep alle bern goed helpe? Ik bedoel, se hawwe te krijen mei heechbejeftige bern, bern mei dysleksy, dyskalkuly, autisme en tweintich oare kwalen en de ynspeksje sit harren op ’e hûd as de resultaten benefter bliuwe.

Om koart te gean, ‘Passend Onderwijs’ bestiet net en sil nea bestean. Alden dy’t passend ûnderwiis foar harren bern wolle, moatte sels in ûnderwizer oantuge en dan noch. De bern wurde de dupe fan dy healwize besluten. Yn it foarste plak de bern dy’t ekstra help nedich hawwe. Yn it spesjaal ûnderwiis wurken minsken yn lytse groepen. Boppedat minsken mei leafde foar en kunde oer bern mei problemen. De oare bern hawwe der ek fan te lijen en net te ferjitten de froulju dy’t it wurk dogge.

Unbegryplik dat der net in wet komt foar elkenien dy’t minister of steatssekretaris fan ûnderwiis wurde wol. Ik bedoel, dat se oantoane kinne dat se ferstân fan ûnderwiis hawwe. Leaver noch dat se sels foar de klasse stien hawwe.
Feie, soks giet wol fier, sille jo sizze. Ja, dat giet fier, mar it komt foar dat healwizen besluten nimme dy’t yn de praktyk net út te fieren binne.

Dizze kollum waard earder pleatst op 25 oktober 2016. Omdat der wer gesanger oer “Passend Onderwijs” is, like it my goed om by hege úsûndering in kollum, dizze dus, opnij te pleatsen. Der is de ôfrûne fjouwer jier neat feroare, útsein dat de juffen en masters mei noch mear ferbaal geweld ûnder de noas wreaun wurdt dat se tekoartsjitte yn harren wurk. Dat helpt net om de moed deryn te hâlden. It is gjin wûnder dat tal fan jongelju dy’t entûsjast begjinne it ûnderwiis nei in pear jier de rêch ta keare.

 

 

desimber 3, 2020 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.