Feie Fonyk: ‘Influencers’ foar in nije takomst?
Resint ferskynd
Kollum
“Elkenien dy’t tinkt dat ‘de millennials’ net safolle dogge en loai binne, hat wierskynlik nea in ‘influencer’ moete.” Sa begjint in Nederlânsktalige ynternetside oer ‘influencers’. Dy giet sa fierder: “Itselde jildt eins ek foar elkenien dy’t tinkt dat sosjale media in minder krúsjale rol spylje yn in bedriuw. Dat wylst ‘beynfloeders’– is dat in goed Frysk wurd, of kin ien wat oars betinke? (FF) – de takomst binne fan de reklame.”
En fierder: “Mar wat binne dy mysterieuze skepsels? En wêrom binne se sa wichtich? In beynfloeder is ien mei in grutte oanwêzigens op sosjale media, mei in publyk dat nei him of har harket. Se binne merkspesjalisten yn in heul spesjaal merk, nammentlik harsels. Beynfloeders hawwe o sa’n bysûndere manier om te advertearjen, om’t se advertearje sûnder dat men it fernimt.”
“It kin jo merk dêrom in enoarme ympuls jaan! Beynfloeders binne te finen op de measte sosjale mediakanalen, mar YouTube en Instagram steane boppe-oan. Mei in fideo kin in beynfloeder in folle persoanliker ferbining meitsje as bygelyks mei Facebook. Dat is ek it foarnaamste pluspunt. Se meitsje in sterke en persoanlike ferbining mei har folgers. It fielt hast as binne se freonen, nei wa’t men harket en fan wa’t men advys nimt.”
By dat alles moast ik fuortdaliks tinke oan ‘influencer‘ Famke Louise. Se rekke yn opspraak doe’t se yn it telefyzjeprogramma Jinek fan 22 septimber ‘Ik doe niet meer mee’ lansearre. Mei oare wurden dat se har neat mear oanlûke soe fan de maatregels tsjin de fersprieding fan it koroanafirus. Dat naam se letter werom.
It is spitich, mar ik haw net folle mei sosjale media, mar dy Famke (sprek út Femke) Louise Meyer, dat is har eigen namme, hat in miljoen folgers. Sokken soene wy hawwe moatte foar it Frysk, net om harsels te promoaten. Fansels, de Ried fan de Fryske Beweging is te finen op de sosjale media en der wurdt yn it Frysk publisearre, mar it soe mear wurde moatte. Miskien sjoch ik wat oer de holle, omdat iksels net oan facebook, instagram en soksoarte doch.
Mar sa kom ik by in wichtige fraach op âldjiersdei 2020: wa kin it Frysk helpe oan mear beynfloeders? Leafst in jongere dy’t yn 2021 tsien of tweintichtûzen folgers kriget, want in miljoen sit der foar it Frysk net yn.
En jo binne gjin influencer?