Feie Fonyk: Dickens yn desimber

desimber 17, 2020 10:39

Kollum

Dit jier gjin Dickensfestival yn Deventer. It is ferskood en wurdt no op saterdei 11 en snein 12 desimber 2021 holden. Mar lêze kinne we Dickens wol. Sels yn it Frysk. Sa kaam der yn 1991 in moaie útjefte fan A Christmas Carol, oerset troch Jabik Veenbaas as In krystliet yn proaza. It begjin: “Marley wie dea, dat alderearst. Dat stiet net yn ’e kiif. It begraffenis-register wie tekene troch de dûmny, de klerk, de begraffenisûndernimmer en de earste roudrager.” Yn 2015 kaam Geart van der Meer mei in Fryske oersetting fan David Copperfield.

It is net om ’e nocht dat Charles Dickens (1812-1870) alle jierren wer yn desimber op it programma stiet op ‘e telefyzje en yn mannich stêd, want wa soe bygelyks net rekke wurde troch dat prachtige ferhaal fan Scrooge, dy’t op krystjûn ta bekearing komt en in oar minske wurdt. Dôchs is it ien fan de seldsume ferhalen dy’t noch lêzen wurde. Ommers it binne boeken mei in soad siden. Myn útjefte fan David Copperfield hat 877 siden en myn útjefte fan De Pickwick Club yn de searje Prisma Klassieken telt 814. Dat lêste boek haw ik nea folslein lêzen. Dat haw ik wol dien mei bygelyks Oliver Twist, Moeilijke Tijden en Great Expectations (yn Nederlânske oersetting Grote Verwachtingen). Yn de tiid dat Dickens dy boeken skreau, kamen se út yn losse goedkeape ôfleveringen as fúljeton. De keapers wiene nijsgjirrich hoe’t it ferhaal fierder gean soe. Koest letter alles ynbine litte.

Grote Verwachtingen begjint izersterk mei de lytse Pip, dy’t op it tsjerkhôf dêr’t syn âlden, bruorkes en suskes begroeven lizze, ta syn grutte skrik oerfallen wurdt troch de ûntsnapte finzene Abel Magwitch. Dy twingt him om iten en in file te bringen. Yn deadsangst en mei syn goede hert docht Pip wat Magwitch ferget. De sêne dêr’t Pip mei it famke Estella yn te boartsjen giet en sadwaande foar it earst yn ’e kunde komt mei Miss Havisham, heart ta it beste dat Dickens skreaun hat.

Wat Dickens sa goed makket is ek dat hy as ien fan de earsten each hie foar de kwetsberens fan bern. Dat is te begripen troch syn eigen ûnderfining yn syn bernejierren. Hy moast wurkje op in skuonsmarfabryk, wylst syn heit yn de finzenis siet. Grote Verwachtingen is noch te keap. In Krysliet allinne twaddehâns. De Fryske David Copperfield dat útjûn waard by Elikser yn Ljouwert is grif noch beskikber.

It plaatsje komt fan de foarkant fan de Fryske David Copperfield.

desimber 17, 2020 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.