Feie Fonyk: Benaude soarchmeiwurkers

desimber 24, 2020 09:56

Kollum

Neffens de lêste berjochten binne soarchmeiwurkers fan ferpleech- en fersoargingshûzen it earst oan bar om inte foar Covid-19 te wurden. It FNV hat ûndersyk dien nei reewilligens. Sa’n tweintich persint seit gjin faksinaasje te wollen, 13 persint “tinkt fan net”en 18 persint twivelet (LC 21 desimber). Ik haw guon twivelers op ‘e televyzje sizzen heard dat se net witte wat deryn sit. Ik kin sokke minsken net begripe. Fansels hat elke yngreep yn it lichem gefolgen. Sa komme der alle jierren tûzenen minsken yn it sikehûs telâne troch ferkeard medisyngebrûk. Faksinaasjes jouwe ek in (tige) lyts risiko. Mar intsjen is in seine. Der wurde wrâldwiid miljoenen libbens troch sparre.

It is fan alle tiden dat minsken benaud binne foar in prip. Sa binne der âlden dy’t harren bern net intsje litte, want, fûn ik yn de Ljouwerter Krante fan 15 febrewaris 2019: “Silst der mar in bern oan ferlieze, dan praatst wol oars…” It is ûnnoazel praat dêr’t neat oan te dwaan is. It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it groeiende tal âlden dat de bern net mear faksinearje lit. Yn polityk De Haach wurdt sels al praat oer in ferplichting en sanksjes foar wa’t net wol’, gie it artikel út de LC fierder.

Inte en de oare dei kroandea

It soe goed wêze as minsken har liede litte troch de wittenskip en realisme en net troch dom praat op de sosjale media. Wy intsje al sûnt dokter Jenner (1749–1823), dy’t oan ’e ein fan de achttjinde iuw betocht dat pokken te bestriden binne troch te intsjen mei it kopokfirus. Fan ít begjin ôf wie der yn Fiktoriaansk Ingelân in grutte tsjinbeweging. Sjoch de cartoon boppe-oan.
Mar wa’t sjoen hat wat de pokken teweibrochten mei en sûnder intsjen, dy wit genôch. Sjoch de foto.

Foto Jenner Trust

Intsje dus. Foar Covid ek, en net sa skiterich wêze. De risiko’s bliuwe. Sjoch bygelyks de blêdfolling op de efterside fan it Friesch Volksdagblad fan 6 maaie 1888:

Ynintsjen is noedlik
Boerinne. Ik wol myn bern net yninte habbe. Dokter. Maar vrouwtje. Boerinne. Nee mynhear! dat praette jo my net oan al praette jo ek in wike! Dokter. Ja maar Boerinne. Hark ris, buorman Feitse het forline maityd ek in jonge ynintsje litten en de oare deis is er al stoarn. Dokter. Wat zeg je daar? Boerinne. Ja, foart de oare deis is hy stoarn. Hy foel út in beam en yn ienen kroandea, hear!

 

 

 

desimber 24, 2020 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.