Ekstern saldearjen mei feehâlderijen ek yn Fryslân mooglik

desimber 19, 2020 10:14

Ekstern saldearjen mei bedriuwen mei biste- of fosfaatrjochten is ek yn Fryslân mooglik. Dat hat it kolleezje fan Deputearre Steaten besletten. Dêrtroch kinne bedriuwen dy’t útwreidzje wolle, bûten harren eigen bedriuw stikstofrjochten bemachtigje. It is ek mooglik om tydlik stikstofromte fan in oar bedriuw te brûken.

Foto: Provinsje Fryslân

Yn oktober stelde it kolleezje in beslút oer it ekstern saldearjen en ‘ferleasen’ út. Deputearre Fokkinga: “Wy woene earst mear wissichheid foar PAS-melders en in wurkjend registraasjesysteem hawwe. By de behanneling fan de stikstofwet yn de Twadde Keamer die bliken dat de legalisaasje fan de PAS-melders garandearre wurdt. It stikstofregistraasjesysteem is op 5 desimber l.l. yn it wurk set en der binne goede garânsjes foar it ekstern saldearjen fêststeld. Dêrtroch hawwe wy dit beslút no nimme kinnen.”

Om ekstern saldearjen mei feehâlderijen en it ‘ferleasen’ mooglik te meitsjen wurde de beliedsregels foar yn- en ekstern saldearjen oanpast. De oanpaste beliedsregels wurde hjoed fan krêft. Bedriuwen sûnder biste- of fosfaatrjochten koene al sûnt 1 febrewaris dit jier fan ekstern saldearjen gebrûk meitsje.

Ekstern saldearjen en ‘ferleasen’
Foar útwreiding fan in feehâlderijbedriuw, de oanlis fan in dyk of it úteinsetten fan in oare aktiviteit dy’t útstijit fan stikstof feroarsaket, is in natuerfergunning nedich. It folslein iepen stellen fan ekstern saldearjen en it tastean fan ‘ferleasen’ fergruttet de mooglikheden foar fergunningferliening en dêrmei ekonomyske ûntwikkeling. Bedriuwen kinne oant 70% fan de stikstofromte foargoed fan it bedriuw dat (foar in part) ophâldt oernimme. Dat betsjut dat der fan dat bedriuw 30% minder stikstof yn de natuer delslacht. Mei de nije beliedsregels is it ek mooglik om tydlik stikstofromte fan in bedriuw te leasen. Dat kin in oplossing wêze foar it útfieren fan aktiviteiten dy’t tydlik stikstof útstjitte, lykas it oanlizzen fan in dyk of de bou fan wenten.

Garânsjes en registraasje
Benammen fan de kant fan de lânbousektor is earder noed utere oer de net-winske gefolgen dy’t it ekstern saldearjen mei feehâlderijen en it ferleasen meibringe kinne. Dêrom binne der ôfspraken makke oer it soargjen foar garânsjes om mooglike net-winske gefolgen foar te kommen. Sa freget de provinsje inisjatyfnimmers om it ekstern saldearjen te melden en monitoaret de provinsje alle moannen. Der wurdt hanthavene op ûnder mer it yllegaal brûken fan lokaasjes nei it ekstern saldearjen. De provinsje stimulearret it opnij ûntwikkeljen om leechstân en fertutearzing fan gebouwen en lokaasjes nei it ekstern saldearjen foar te kommen. It iepenstellen fan ekstern saldearjen en ferleasen is earst foar ien jier. Der wurdt evaluearre foardat besletten wurdt oer de fuortsetting.

Fryske oanpak
De Provinsje wurket yn ‘e mande mei Fryske sektorpartijen út de lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry en mei-oerheden oan in stikstofoanpak. De Fryske stikstofoanpak is in gebietsrjochte oanpak. Maatregels moatte liede ta it fuortsterkjen fan de Fryske natuer en in strukturele ferleging fan de stikstofdelslach. Tagelyk moat it nije ekonomyske en maatskiplike aktiviteiten mooglik meitsje.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs oer de PAS-regeling.

desimber 19, 2020 10:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.