Earme bern…

desimber 18, 2020 18:34

EARME BERN

(n.o.f. it artikel op de foarpagina fan TROUW, 16 des. 2020)

En no is it dan safier dat ik begryp hoe’t it komt dat ik myn hiele libben efter de feiten oanrûn ha. Dat is lestich. Sa freegje ik my op dit stuit bygelyks ôf oft der yn de earste sin komma’s moatte en as dat net moat oft it wol kin.

Is it net ôfgryslik dat der hjoed-de-dei in hiele generaasje basisskoallebern opgroeit, dy’t it libben lang te kampen hawwe sil mei deselde problemen as ik. Earme, earme bern.

Oarsaak? In tal wiken gean se net nei skoalle troch Covid-19. Dêrtroch, wurdt yn ’e krante skreaun, rinne se tsjin in net mear op te helpen efterstân yn harren ûntjouwing oan. Earme, earme bern.

Ik kin derfan meiprate. Ik tink dat der yn dizze tekst wol bewizen fan te finen binne – al hoopje ik fan net…

Ik sjoch ús noch rinnen, it buorfamke en ik, troch de grize hjerstmoarn, oer it tsjerkepaad. Nei hûs stjoerd, omdat de Dútsers de skoalle brûke moasten. In oare kear, baggerjend troch de snie, ek nei hûs stjoerd, omdat der gjin brânje mear wie foar de grutte kachel yn ’e hoeke fan it lokaal.
Nee, thús wachte ús gjin kompjûter, gjin ynternet dus, gjin radio, gjin telefyzje, sels hast gjin boeken om lekker yn te lêzen – wat ha ik se mist, de boeken. Yn myn rapport fan de earste klasse stean gjin sifers, inkeld it wurd Bevorderd. Efter dat wurd leit myn efterstân yn ûntjouwing – hast in hiel jier — ferburgen.

Ien treast, earme bern, ik ha der wier gjin lêst fan hân. Miskien wol trochdat oer soks tsjin my nea eamele is.

Inger Wets

desimber 18, 2020 18:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.