Dútslân docht de doarren ta

desimber 13, 2020 14:40

Foto: Unsplash

Yn Dútslân geane takom wike in protte doarren ta. Fan 16 desimber oant 10 jannewaris ta meie de measte winkels en skoallen net mear iepen wêze. Dat hat bûnskânselierske Angela Merkel feroardere.

Supermerken, apteken en banken meie iepen bliuwe, mar de measte oare winkels moatte ticht. Dat jildt ek foar hast alle skoallen en foar in grut part fan ‘e pjutteboartersplakken. De ferboadens binne ynset om de ljuwe byinoar wei te hâlden, dat it koroanafirus net noch flugger wreidet. Krekt as yn Nederlân waakst it tal koroanalijers alle dagen.

De poep mei de kommende tiid ek net bûten de doar drinke. Yn Nederlân is dat op it stuit ek sa. Lykas yn Nederlân meie tsjerken en oare godstsjinstige gebouwen iepen bliuwe.

Mei de krystdagen meie minsken yn Dútslân fjouwer folwoeksen pizelders oer de flier hawwe. Dat moatte sibben of harren húshâlding wêze. Fjurwurk mei net ferkocht wurde en gearboskjen is mei de jierwiksel ferbean. Yn Nederlân is, nettsjinsteande berjochten fan de Ryksoerheid, gjin wetlike beheining op it tal gasten dat men thús ûntfange mei.

desimber 13, 2020 14:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.