Dúndoarn yn opmars troch kampanje Wrâlderfgoed Waadsee

desimber 18, 2020 08:48 Fernijd

De ferline jier úteinsette marketingkampanje fan Visit Wadden om it Wrâlderfgoed Waadsee foar it fuotljocht te bringen, hat de fraach nei dúndoarn oanswingele. Ien fan de ferhaallinen yn de seisjierrige kampanje ‘Smaak fan it Waad’ leit him ta op de kulinêre bysûnderheden fan it Waadgebiet. Dúndoarn as bysûnder fruit fan it Waad plôket dêr ‘de fruchten’ fan en foaral de fraach nei plantmateriaal is tanommen. In ferbouwer yn de Noardlike Fryske Wâlden yn Noardeast-Fryslân hat dúndoarnstrûken trochkweekt om se yn de Waadstreek oan te plantsjen.

Foto: pixabay.com

650 jonge dúndoarnstrûkjes hat de ferbouwer út de Fryske Wâlden noch beskikber foar de ferkeap. Normaalwei ferbout er sels dúndoarn en rispet er de lytse oranje beikes yn septimber. “Foaral produsinten fan itensguod nimme dúndoarn ôf. Sa is Waddendelicatessen yn Dokkum altyd in grut ôfnimmer. Dêr meitsje se der ûnder mear sjems, sop en wyn fan. Wiene de ferbouwers earder foaral konsintrearre oan de Noard-Fryske Waadkust, dit jier kamen ek minsken fan oare plakken út de Waadregio nei de kweker ta om plantmateriaal”, fertelt Henk Pilat fan Stichting Waddengroep út namme fan de kweker.

Opfallend is dat net allinnich kwekers of partikulieren strûken wolle. Restaurant De Zwarte Haan, oan de seedyk by Sint-Jabik, kloppe ek by de kweker oan. “Ik wol graach sels dúndoarn ferbouwe op in stikje grûn neist myn restaurant. Ik wol alles leafst sa lokaal, ekologysk en farsk mooglik. Produkten út eigen tún binne dan it bêste”, fertelt eigener en sjefkok Jacob Jensma fan it restaurant. Der binne ek strûkjes nei Teksel gien, mei kulinêr auteur Annette van Ruitenburg en it bûten De Bonte Belevenis. Hja sil de dúndoarn ek brûke yn hearlike resepten en as oanbod foar nije delikatessen foar de gasten.

Foto: pixabay.com

Minsken dy’t de gading nei meitsje, kinne har melde by Stichting Waddengroep (info@waddengoud.nl, tel. 0511 – 542525). By ôfname fan 150 strûken, docht de stifting der in ferbouhantlieding fan de dúndoarn by mei in wearde fan € 25. Silger tylt- en lânskipsekspert Jan de Boer fan Boelensloane hat yn de njoggentiger jierren de hantlieding skreaun foar in ferskaat oan bysûnder fruit, lykas de dúndoarn. Dy is noch altyd aktueel en wurdt in protte brûkt.

Dúndoarn
De dúndoarnstrúk is in fruchtgewaaks dat foarak op iepen, kalkrike grûnen goed út ’e fuotten kin. De dúndoarn is by steat om yn gearwurking mei skimmels sels stikstof út de lucht te brûken en hoecht it net út de grûn te heljen. Dêrtroch kinne se as echte pioniers poerbêst op earme grûn groeie. Sels op dúnsân en hy is dan ek in soad yn it wyld te sken, yn ’e dunen op de Waadeilannen. Dêrom de namme ‘dúndoarn’.

Foto: pixabay.com

Tsien kear mear fitamine C as in sitroen
Oer it generaal binne de dúndoarnbeien yn septimber ryp. De beien sels binne soer en wurde farsk eins net folle iten, mar ferwurke yn produkten en gerjochten docht de frissoere smaak it tige goed. De bei sels befettet tsien kear mear fitamine C as in sitroen.

Sûnt begjin njoggentiger jierren yn Nederlân
Henk Pilat fan Stichting Waddengroep hat mei Jan de Boer en Koöperaasje Wrâldfrucht begjin njoggentiger jierren fan de foarige iuw de dúndoarn nei Nederlân helle. Dat wie it begjin fan de dúndoarntylt yn Noardeast-Fryslân.

desimber 18, 2020 08:48 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.