Dingtiid: Fryslân moat lykas Galisië in kultuerried krije
Resint ferskynd
De saakkundigen op it mêd fan Fryske taal en kultuer prate te min mei-inoar. Dêrtroch witte se te min wat har kollega’s by oare organisaasjes dogge. De provinsje jout elk fan dy organisaasjes apart jild en sjocht te min nei wat se mei-inoar dwaan kinne soene. Dat skriuwt Dingtiid yn de advysnotysje Op ‘e syk nei nije dynamyk.
Dingtiid is it offisjele advysorgaan fan de oerheid op it stik fan de Fryske taal. Neffens Dingtiid soe Fryslân yn neifolging fan Galisië in ‘kultuerried’ hawwe moatte. Dat is in koepel fan organisaasjes dy’t har mei Fryske taal en kultuer dwaande hâlde. Dy soe allegear saken foar dy organisaasjes regelje kinne.
Sa moat sa’n rie derfoar soargje dat bygelyks de minsken op ‘e Fryske Akademy witte wat harren kollega’s by de Afûk of by de Ryksuniversiteit Grins by de ein hawwe. Sa’n rie kin der ek by helpe om bygelyks in jonge ûndersiker fan de Fryske Akademy meiwurkje te litten oan in nijsgjirrich projekt fan hegeskoalle NHL Stenden, of om in Afûk-meiwurker oan in baan te helpen by Tresoar. As bliken docht dat de Campus Fryslân en Cedin beide in projekt mei meartalich ûnderwiis útfiere wolle, wit sa’n rie dat en kin er derfoar soargje dat it ien grut projekt wurdt ynstee fan twa lytse. De kultuerrie moat ek helpe om “de stip oan de hoarizon” te finen dêr’t de Fryske organisaasjes op ta bewege. Dat wol sizze dat der mienskiplike doelen komme moatte dêr’t de organisaasjes mei-inoar oan wurkje. Dat soe wêze kinne dat der wat dien wurdt oan de “negative taalhâlding” dy’t de ambysjes mei it Frysk yn it paad stiet.
Net elkenien is entûsjast oer it advys. Heechlearaar Nederlânsk Marc van Oostendorp fettet it gear as: “Hoe redden we het Fries? Meer vergaderen!” (link). Hy skriuwt: “Het is de logica van de beroepsvergaderaar die in zo’n commissie zit: als er maar genoeg vergaderd wordt, komt alles vanzelf goed.”
Opfallend is dat Dingtiid Galisië as foarbyld nimt foar Fryslân. Galisië is in regio dêr’t de stipe foar de eigen taal de ôfrûne tsientallen jierren sterk ôfhinget fan de tafallige wil fan de bestjoerders, mei as gefolch dat der gjin trochgeand belied makke wurde kin. Boppedat is it Galisysk lykas it Frysk offisjeel lykweardich oan de lânstaal, mar yn de praktyk is it dat net. Bettere foarbylden foar in ambisjeuze Fryske polityk binne bygelyks Kataloanië, Spaansk Baskelân en Wales, dêr’t de emansipaasje fan de eigen taal al folle fierder is. Galisië is net sa bot in stip oan de hoarizon as wol in stip flak foar de fuotten fan de Friezen.
Dan kin de Taalskipper wol oan ‘e wâl…
Dingtiid hat gewoan gelyk. Fryske kultuer, taal, film, lânbouskiednis, ensafh. lizze yn aparte fekjes by aparte ynstituten. Der is gjin mienskiplike rezjy of fyzje. Fan boppenôf oplizze (fia de provinsje) is net helber. Wat wol kinne soe, is in netwurkformule, net inkeld op direkteursnivo (der is in direkteursoerlis tusken guon ynstituten), mar ek op it nivo fan de meiwurker. Nee, gjin grutte gearkomsten, mei 1 op 1 mei inoar yn de kunde komme. Kin de stúdzje fan de boereroman wat bydrage oan de gearwurking fan lânboumuseum en filmargyf, bygelyks. Sokke horizontale kennis- en netwurkferbannen op it nivo fan gewoane wurknimmers.
Ja, Eric hat gelyk. Ik ha hûndert jier lyn al in kear útsteld om it noch altyd besteande (!) Frysk Selskip om te foarmjen ta in Fryske sosiëteit dêr’t men ‘1 op 1 mei inoar yn ‘e kunde komme’ kin. Ek mei Dingtiid bepraat, mar dy wolle inkeld rapporten skriuwe. Beroerd idee, ik wit it. Mar it aardige is, ik hear noait bettere ideeën.
hearen,
Jimme hawwe gelyk. As ik sjoch nei alle ien op ien kontakten om de plaknammen yn NEF hinne, dan berikke wy as wurkgroep dêr de saken dy’t der ta dogge.