Dei en nacht live radio by Omrop Fryslân mei ‘Sis it mar!’
Resint ferskynd
Foar it earst is Omrop Fryslân tusken de krystdagen en âld en nij, dei en nacht live op de radio. Yn dizze ‘Sis it mar!’-dagen en -nachten stiet de hiele programmearring yn it teken fan fersykjes fan harkers. “Just yn dizze tiid is der behoefte oan ferbining en wolle wy as radiostasjon in freon foar ús harkers wêze”, sa seit haadredakteur Ingrid Spijkers. “Minsken kinne ek fersykjes foarinoar oanfreegje en sa dochs in bytsje byinoar wêze.”
Bysûndere duo’s
“It begûn as in wyld idee”, fertelt projektlieder Martine van der Steege. “Foarich jier ha we ‘Sis it mar!’ oerdei al dien en dat wie in sukses. Dit jier sieten we om ‘e tafel en tochten we ‘hoe moai soe it wêze as we júst no der dei en nacht foar elkenien wêze soene.” Dat soe wol betsjutte dat de hiele Omrop de skouders derûnder sette moast om it slagje te litten. “Nei in lytse rûngong waard al gau dúdlik dat der safolle entûsjasme en animo wie, dat it trochgean koe.”
En dus binne tusken krysttiid en âld en nij de bekende Omrop-presintatoaren yn de programmearring presint, mar foarmje dy ek duo’s mei Omrop-meiwurkers dy’t yn it deistige libben op oare ôfdielingen wurkje. “Sa binne der duo’s as Simone Scheffer en Geartsje de Vries, mar ek Jacob Stelwagen en Froukje Sijtsma, of Diana de Groot en Hotske Rispens. Hotske wurket gewoanwei op ‘e planning, mar krûpt ek efter de mikrofoan om Diana en de harkers by te stean yn dizze bysûndere oerkes.”
Fan 27 desimber oant 31 desimber giet dus oerdei de gewoane programmearring troch en binne der nachts ekstra ynlaske programma’s, mar alle fjouwer dagen en nachten steane fersykjes sintraal. Harkers kinne fersyknûmers oanfreegje fia de Omrop-app of troch in berjocht te stjoeren nei: 06 – 20 499 199.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje