De Lawei skinkt 450 dinerdoazen oan Itensbank Drachten
Resint ferskynd
De Lawei Krystdinerdoaze blykt in grut sukses. Yn de ôfrûne twa wike binne der goed fiifhûndert fan besteld fia ynternet. Dêrmei binne se folslein útferkocht. Dat is sels mear as de organisaasje ferwachte hie.
“Dat it sa stoarmrinne soe, hiene we net hoopje doard”, seit Alfred Matthijssen, haad bedriuwsfiering fan De Lawei. Foar eltse ferkochte dinerdoaze skinkt De Lawei ek in trijegongediner oan de Itensbank Drachten. It doel wie om 450 doazen te ferkeapjen, sadat alle húshâldens dy’t fan de Itensbank Drachten ôfhinklik binne, allegear mei de hjeldagen fan in diner genietsje kinne. Dat doel is royaal helle.
Keapers fan de Krystdinerdoaze koene as ekstra opsje kieze om in bedrach fan € 5 te donearjen oan de Itensbank. “Tanksij alle donaasjes hawwe we ek noch € 750 foar de Itensbank ophelle. De webside fan De Lawei bea ek de mooglikheid om te donearjen en sa kinne we dochs noch in ekstra stientsje bydrage”, seit Matthijssen. It bedrach wurdt op woansdei 30 desimber om 9.30 oere yn ’e foarm fan in weardesjek útrikt oan it bestjoer fan Itensbank Smellingerlân (lokaasje: De Giek 22a, Drachten).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje