De lange hjerst (gedicht)

desimber 19, 2020 09:30 Fernijd

De lange hjerst

Foto: pixabay.com

Ferkleurendje blêden op de ein fan in waarme dei,
bringe al betiid de hjerst op it hean en útdroege lân.
It gers dat hjir en dêr brûn op ’e útstrutsen ikker leit,
jout de einlease ein fan de simmer in sombere rân’.
It wurdt in lange hjerst.

In frou rint ferdwaasd en iensum trocht de buorren,
sy lûkt it net mear, de iensumens, nimmen helpet har.
De mûlekap makket de skieding, foarmet de muorren.
Koroana is slim, sykte is slim, mar leafde jaan is in kar.
It wurdt in lange hjerst.

It is ûnrêstich yn novimber, fjoerwurk, opstân en noed.
It is ûnrêstich yn myn hert, myn houlik, de wrâld.
It ûnrêstich yn hûs, wy binne siik fan de krante hjoed.
Unrêst, ûnrêst, ûnrêst makket my stikken, wurch, âld.
It is in lange hjerst.

Sander, Oerterp

desimber 19, 2020 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.