De Hoop

desimber 22, 2020 15:16

Tip

De titel boppe dit stikje hat net te krijen mei de koroanakrisis of mei de winsken foar de kommende hjeldagen, mar mei de skûtmakkerij yn Warkum.

Al fan 1694 ôf wiene der plannen foar sa’n bedriuw njonken de skutslûs. Bekend is dat de earste eigener, Juntien Reijnders, yn 1710 skippen boude. Yn ’e rin fan de tiid waarden dêr in soad houten boaten boud lykas blazers, aken en ek skûtsjes.

Foto © Matthijs Verkuijl

It kompleks bestiet tsjintwurdich net allinnich út in wente, in werf mei in helling, in haventsje en in opslachromte, mar it hat ek in lytse útstalling. Bûtendoar hinget in boerd mei alle nammen fan eigeners foar en nei, dêr’t de namme fan Ulbe Zwolsman by opfalt. Dy syn soannen hiene letter ek in werf yn Makkum en yn Drylts.

Letter, yn minne tiden, waarden der benammen restauraasjes dien en in inkelde blazer boud, bygelyks de TX11, dy’t no yn it Suderseemuseum fan Inkhuzen leit.

Hjoed-de-dei is it net mear in priveesaak, mar beheart de stifting ‘Zwolsman skipstimmerwerf De Hoop’ dat ryksmonumint. Der wurde gjin nije houten boaten mear boud, mar troch frijwilligers komme wol reparaasjes en restauraasjes ta stân.

It doel is om yn de kommende jierren it hiele kompleks te fernijen, om sa it ambacht fan skipstimmerman te behâlden. Der is no wol ferlet fan in skipsbaas.

Moaie is dat der krekt in boek fan Klaas Smit oer houtenboatebouwers yn Noard-Nederlân en oer harren tradysjes útkommen is.

Matthijs Verkuijl

https://werfdehoop.nl/

 

 

desimber 22, 2020 15:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.