De benaude fraach
Resint ferskynd
Oertinking by Matteüs 11, 2-6
Men kin der sa ynkomme dat Johannes de Doper yn ’e finzenis begjint te twiveljen. Hy hie de master kommen sjoen en hy wist sa wis dat de goede dagen oanbrutsen wiene. Hy wist fan it wurd en de died fan de master, hoe geef en sterk en heilsum oft dy wiene. En no moat er sels ûnderfine dat dat heil, nei’t it liket, him foarby giet en dat hy ûndergean moat yn it tsjustere hok dêr’t Herodus’ grime him opberge.
Binne Jo it dy’t komme soe? Is sa’n fraach net o sa faak yn ús eigen hert? Is it wol wier, is it fertroud om alle hoop op dy iene Man fan Nazaret te setten? Is Jezus de rêder fan minske en wrâld? Kin hy lieder en beskermer wêze, wylst oan alle kanten de minskeskiednis wat om Him en syn wurden en dieden laket?
Johannes kriget net folle antwurd. Mar it moat genôch wêze. Blinen sjogge, lammen rinne, melaatsken wurde skjin, dôven hearre, deaden libje wer en de earmen hearre it bliid boadskip. Lis dêrnjonken ris de kranteberjochten. Dizze iene ferwachtsje wy, en net wat út de wrâld op ús takomt.
ds. Pieter Miedema
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje