ChristenUnie wol spoarline fan Grins nei Ynske

desimber 20, 2020 19:52

De Twadde Keamerfraksje fan ‘e ChristenUnie stiet oan op it oanlizzen fan in spoarline fan Grins fia Stedskanaal en Emmen nei Ynske. Oer dy saneamde Nedersaksenlijn wurdt al withoelang redendield, mar der is nea gjin jild foar op it kleed kommen.

Foto: Wikipedia/Combino – CC BY-SA 3.0

Keamerlid Stieneke de Graaf seit: “We zetten ons als ChristenUnie al jarenlang in voor sterke regio’s. Betere bereikbaarheid middels nieuwe spoorlijnen is daarbij van groot belang. De Nedersaksenlijn is wat de ChristenUnie betreft zo’n nieuwe verbinding. De komst van de lijn is belangrijk voor de economie en maakt wonen, werken en studeren in de regio aantrekkelijker. De Nedersaksenlijn is bovendien van belang voor de verbinding van deze grensregio met Duitsland.”

De ChristenUnie nimt it oanlizzen fan it spoar op yn it ferkiezingsprogram. De partij hat earder pleite foar in spoarferbining tusken Grins en Stedskanaal. Dat pleit hat fertuten dien. It stik spoar wurdt de kommende jierren oanlein en yn 2024 moat de earste trein deroerhinne ride kinne. Neffens frou De Graaf moat it spoar no benammen trochlutsen wurde nei Twinte.

desimber 20, 2020 19:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.