Bûter, brea en swarte bledsiden – De skaadkant fan Grutte Pier

desimber 1, 2020 10:24

Yn dit, fiifhûndertse stjerjier fan Grutte Pier ûndersiket programmamakker Bart Kingma yn syn Fryslân DOK ‘Bûter, brea en swarte bledsiden’ de myte fan dizze folksheld. Ferskate persoanen stelle syn status ta diskusje.

Ofbylding: Tresoar

De Fryske frijheidsstrider Grutte Pier (Pier Gerlofs Donia, sa. 1480-1520) wurdt troch in protte Friezen sjoen as in ikoan foar harren identiteit. Syn krêft, syn rjochtsinnichheid en ferset tsjin ynminging fan bûten, appellearret sterk oan gefoelens fan grutskens en autonomy. Mei syn leger fan boeren en hierlingen ‘De Arumer Zwarte Hoop’ fjochtet Grutte Pier tsjin ‘de Hollanners’ foar in ûnôfhinklik Fryslân. Hy soe in enoarme keardel west hawwe. Dat byld fan in twa meter lange boer mei in swurd fan seis kilo makket syn heldhaftich optreden noch fabeleftiger. ‘Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries’ wurdt taskreaun oan Grutte Pier, dy’t der sa efter komme woe oft er mei Hollanners of mei Friezen te krijen hie.

Yn de Fryslân DOK ‘Bûter, brea en swarte bledsiden’ ûndersiket Bart Kingma hoe’t Grutte Pier útgroeie koe ta mytyske proporsjes. Pier hat in soad bloed fergetten en ek net folle berikt foar de Friezen. Histoarikus Josse Pietersma lit yn de dokumintêre sjen dat Grutte Pier net folle mear wie as in spylbal yn in grut Europeesk machtsspul, dêr’t de frijheidsstrider sels totaal gjin fet op hie.
Direkteur Bert Looper fan Frysk histoarysk sintrum Tresoar kin syn argewaasje oer de ikoanisearring fan Grutte Pier amper ferbergje, omdat Pier in efterhoedegefjocht fierde yn in tiid dat Fryslân krekt grutte stappen foarút sette. Willem Schoorstra, skriuwer fan in histoaryske roman oer Pier, set syn fraachtekens by it romantisearjen en fiksearjen fan histoaryske figueren, sa’t de Friezen mei harren folksheld dogge. Fiifhûndert jier nei ‘Bûter, brea en griene tsiis’, it sechje dat noch hieltyd – meastal ûnskuldich – brûkt wurdt yn Fryslân, lêze we no de swarte bledsiden yn de skiednis fan Pier Gerlofs Donia.

Fryslân DOK: ‘Bûter, brea en swarte bledsiden – de skaadkant fan Grutte Pier
Sneon 5 desimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 6 desimber 13.10 oere)
Snein 6 desimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

desimber 1, 2020 10:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fere Supe desimber 2, 12:28

    Ik vind het zo zinloos om vanuit zo’n project 500 jaar later nog eens vraagtekens te gaan zetten over de ikoanisering van een volksheld. Dat Kun je ook doen over Colijn, Lubbers of Rutte.

    Zet eens een vergelijkende studie neer tussen Grote Pier en die andere enorme held uit die tijd Menno Simons. Die woonde een dorpje verderop en heeft nog 2 miljoen volgelingen in de wereld.

    Grote Pier had met tegenstanders te maken die als je de geschiedenis boeken goed leest beschouwd kunnen worden als genocideplegers: Van Egmond, Van Saksen en Van Rossem.
    Van Egmond verwerd zelfs tot een held van de Nederlandse geschiedenis omdat hij toevallig het smeekschrift ondertekende van de geuzen en door domheid op het schavot van Brussel belandde.

    Grote Pier verloor zijn boerderij en vrouw na een bezoek van muitende en plunderende soldaten. Menno Simons verloor een broer die een andere religieuze overtuiging had.

    Grote Pier was groot en weerbaar en ging een strijd aan. Menno Simons trad uit en werd geestelijk leider en ging over tot geestelijke emancipatie via een weg naar binnen (pacifisme)

    Dat Beiden niet eindigden op het schavot geeft wel aan dat het intelligente heren waren.

    Dat is al een argument in hun voordeel.

    Laat een mens zoeken, en als hij gevonden heeft, laat hem zich verwonderen. En als hij zich verwonderd heeft laat hem regeren, en als hij geregeerd heeft laat hem rusten.

    Beiden personen kenden periodes van storm en drang. Beiden kenden een fase van bezinning. Ze traden terug en beiden konden reflecteren op hun leven.

    Zie hier hoe twee vormen van beleving, strijd en pacifisme die tijdens
    een periode van cataclisme een uiting
    vinden.

    Het is een ontwikkeling die je bij andere onderworpen volken terugvindt.

    Bijvoorbeeld bij de Incas in Peru. Hierdoor blijft een cultuur behouden in de vorm van dualisme.

    Een voorbeeld is de manier waarop in Cusco het katholicisme naast de oude
    Godsdienst beleefd wordt…

    Helaas kwam er in Friesland nog een periode van geïnstitutionaliseerde religieuze repressie overheen. Dat soort aspecten zie je in Peru ook.

    Wat mij betreft heeft Willem Schoorstra goed werk gedaan met zijn boeken over Redbad en Grote Pier, de eerste en de laatste der Mohikanen.

    Twee mooie gedachten experimenten die het mogelijk maken de geschiedenis wat meer perspectief te geven.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.