Brok yn ’e kiel

desimber 27, 2020 15:40

Foto Matthijs Verkuijl

Skôging

Yn tiden fan spanningen, fertriet en ûnwissichheid oer de takomst, mar ek by útstjoeringen lykas ‘All you need is love’ en emoasjonele films kin men ‘in stik yn de kiel krije’, in gefoel fan in soarte fan bal, dêr’t it slokken minder maklik troch giet. Troch stress spanne in oantal spieren har ûnbewust oan, mei as gefolch dat it gebiet om de strôtbal strakker stiet. Dêrtroch fielt en is it slokken dreger en pynlik, en fielt it as sit der eat yn de kiel (globus).

Yn ’e rin fan de tiid kinne de beswieren ek groanysk wurde en dêrtroch stadichoan slimmer, benammen ek as de slymfluezen drûger wurde troch de stresshormoanen, en de kieliepening úteinlik ek lytser wurdt troch de oanhâldende spierspanning. Dêrtroch hawwe de minsken hieltyd mear lêst fan strôtskrabjen of kocheljen.

Selden is in sykte of in allergy de oarsaak. Faak binne der dan noch oare klachten lykas heazens, gewichtsferlies of muoite mei it iten. Utlizze en gerêststelle is it wichtstichste. De kieldokter lit by it ûndersyk faak de pasjint meisjen dat der net wat bysûnders is, yn ’e hoop dat dêrtroch it gefoel en de eangst ferromje. Soms is lykwols fysioterapy of logopedy nedich, want wat langer men der mei omrint, wat langer it oanhâldt en namste slimmer it wurdt.

Matthijs Verkuijl

desimber 27, 2020 15:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.