Brêge Ritsumasyl leveret in skat oan ynformaasje op
Resint ferskynd
De biokomposyt fytsbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl is no in jier yn gebrûk. De 200 sensoaren dy’t yn de brêge oanbrocht binne, hawwe ûnderwilens in skat oan gegevens oplevere. Ynfloeden fan sinne, wyn, focht en it iepenjen en sluten fan de brêge binne oer de hiele wrâld live fia ynternet te folgjen.
Omdat it de earste beweechbere brêge fan duorsum flaaksfezelkomposyt is, mjit de provinsje Fryslân oanienwei it hâlden en dragen fan de brêge ûnder ferskate omstannichheden. Monitoaring op dizze skaal is unyk yn Fryslân en foar de provinsje in kâns om ûnderfining mei mjitsystemen yn keunstwurken op te dwaan. Deputearre Avine Fokkens-Kelder: “Nei in jier kinne we sizze dat it materiaal boppe ferwachting prestearret. De latte lei al heech, mar de sensoaren litte sjen dat der amper sprake is fan it ferfoarmjen en wurger wurden fan it materiaal. It materiaal bûcht minder troch en is dus sterker as ferwachte waard. De brêge is ûntwurpen foar in libbensdoer fan fyftich jier, mar wy kinne no al sizze dat de brêge nei ferwachting nóch langer mei kin.”
Wrâldwide belangstelling
It is foar it earste dat op dizze skaal flaaksfezelkomposyt tapast is. Dêrtroch is der wrâldwiid belangstelling foar. De mjittingen binne te folgjen op www.drive.frl ûnder ‘live data’. De provinsje Fryslân hopet troch it dielen fan dy ynformaasje mei oare oerheden, ûnderwiisynstellingen en oannimmers it brûken fan sirkulêre grûnstoffen yn de sivile technyk te stimulearjen.
Ynspeksje
It mjitsysteem liet ek sjen dat de fytsbrêge ûnfermindere feilich bleau nei’t twa swiere lânboutrekkers by fersin oer de brêge rieden. Analyze fan de data nei’t de trekkers de brêge brûkt hiene, joegen oan dat der net daliks aksje nedich wie. Foar de wissichheid is it beweechbere part fan ’t simmer al ynspektearre. Ynspeksje fan it fêste part is útsteld oant nei it farseizoen en kriget dizze wike syn beslach. Fizels bringe de brêge in stikje omheech, sadat ynspeksje oan de binnenkant mooglik is. Ut de ynspeksje hat bliken dien dat der in pear lytse hierskuorkes en ien wat gruttere skuor yn it beweechbere en it fêste diel fan de brêge sitte. De skea kin daliks ferholpen wurde. Dat betsjut wol dat de brêge oant en mei moandeitemoan ticht bliuwt foar alle ferkear.
Ferfolch
De provinsje sjocht nei de mooglikheden om ek oare brêgen mei sensoaren út te rissen. Sa kin better fêststeld wurde wannear’t in brêge oan ûnderhâld of ferfanging ta is. Frou Fokkens-Kelder: “De ûnderfining dy’t wy hjir opdogge, jout hooplik in ympuls oan it wurkjen mei flaaksfezelkomposyt en dêrneist oan de ûntwikkeling fan mjitsystemen by brêgen en oare sivile keunstwurken.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje