Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 45
Resint ferskynd
It CBS en de klimaatsifers
Kollum
Alle jierren, ein septimber, komt it CBS, sintraal buro foar de statistyk, mei de rapportaazje oer de enerzjytransysje yn Nederlân. Dat is te sjen as de termometer yn de fuortgong nei it Klimaatakkoart fan Parys 2015. Dêr stiet yn dat Nederlân in 2030, ferlike mei 1990, 49% minder broeikasgassen útstjitte mei.
RES
Alle gemeenten hawwe dêr mei te meitsjen, uteraard de 18 Fryske gemeenten ek. Mei-inoar hawwe se de plicht om mei de Provinsje, it Wetterskip en de lokale netbehearder (Alliander) in plan te meitsjen dêr’t yn stiet hoe’t se dat oanpakke wolle. Dat hjit de RES, de Regionale Enerzjy Strategy. Ynformaasje dêroer is te finen op www.resfryslan.frl
Wêr sit de groei?
It CBS makket dúdlik dat it yn Nederlân te stadich giet. It persintaazje wer te fernijen enerzjy groeide fan 7,38% yn 2018 nei 8,67% yn 2019. Noch lang net it doel fan 14% yn 2020.
Wêr sit de groei foaral? Wyn op see stiet bekend as in oannimlike produsint fan skjinne stroom, mar yn 2017, 2018 en 2019 kaam der op dat mêd neat ekstra’s. Yn 2020 komme der wol wer parken op see klear.
Fryslân brûkt jierliks sa’n 60 PetaJoule (PJ) oan enerzjy (stroom + gas + benzine ensf.). Sinnestroom is in grutte groeier yn de produksje fan skjinne stroom, yn Fryslân ek. Dat is yn heech tempo hieltyd mear te sjen. Yn 2017 waard troch sinnepanielen yn Nederlân noch gjin 8 PJ wûn, yn 2019 wie dat al 18,6 PJ. Fan wat oan elektrisiteit brûkt wurdt, wurdt no 18% duorsum wûn. Noch lang net de 37% dy’t Nederlân foar 2010 ôfpraat hat.
De wedstriid
It begjin pas echt yn 2030. Yn 2050 moat yn Nederlân ommers de útstjit tebek brocht wurde ta hast 100%. We steane dus foar in geweldige wedstriid, dêr’t we allegearre mei te meitsjen krije. It kin ek in moaie wedstriid wurde, dêr’t Fryslân in stjerspiler yn wêze kin. Wy hawwe hjir ommers de measte enerzjykoöperaasjes, de measte sinnepanielen no al, de measte enerzjyneutrale wenningen, de measte elektryske fartugen en – we hawwe al ús eigen enerzjybedriuw (energieVanOns). We hawwe de bêste boubedriuwen en ynstallateurs, de measte tankstasjons foar griengas en skjinne disel. No noch de echte ambisjeuze oanpak mei de lokale koöperaasjes yn de haadrol. De RES-Fryslân hat grutte potinsje om optimaal te profitearjen fan dizze wedstriid tsjin de klok.
De Fryske RES, dat klinkt as reserve, mar fetsje it op as fRESh, it ‘Fryske RES hichtepunt’. Wy geane troch om it te folgjen!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje