Boeren en túnkers pakke út mei Kryst op 18 en 19 desimber

desimber 10, 2020 09:43

Yn de oanrin nei de krystdagen, yn dit rûzige jier, siket elkenien om ferbining. Om dochs mei in waarm gefoel de krystdagen yn te gean, pakke boeren en túnkers mei de krystdagen út. In inisjatyf fan LTO Noard, Boert Bewust en ZLTO.

Ofbylding: LTO Noard

“Wy nûgje jimme graach út om yn de dagen foar Kryst, yn eigen fermidden en yn ’e eigen auto, mei de húshâlding te genietsjen fan in jûntsje út op it sfearfol ferljochte plattelân”, seit Dirk Bruins, foarsitter fan LTO Noard. “Fansels folslein koroanafeilich en neffens de RIVM-rjochtlinen. Op www.boerenentuinderspakkenuitmetkerst.nl is yn ien eachopslach te sjen wat der oeral by minsken yn ’e buert organisearre wurdt en kinne se har ienfâldich oanmelde.”

Plattelân yn krystsfear
Op ferskate lokaasjes yn Nederlân wurde op 18 en 19 desimber troch boeren en túnkers aktiviteiten organisearre foar de hiele húshâlding. Tink oan puzeltochten, ferljochte pleatsrûten en gesellich oanklaaide ôfhelpunten om bygelyks streekprodukten op te heljen en alfêst de krystboadskippen te dwaan.

Benijd wat der yn jo regio organisearre wurdt? Sjoch op www.boerenentuinderspakkenuitmetkerst.nl en meld jo oan.

It inisjatyf ‘Boeren en túnkers pakke út mei Kryst’
De krystaksje is in inisjatyf fan LTO Noard, Boert Bewust en ZLTO. Boeren en túnkers witte as gjin oar dat se der foarinoar wêze moatte. Dei yn dei út binne se dwaande mei it deistich iten en drinken foar de befolking, mei grien yn en om it hûs, in sûne leefomjouwing en in moaie, bûnte natuer. Produkten dêr’t elkenien fan genietsje kin, ek mei de hjeldagen.

desimber 10, 2020 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.