Boekhuis Warkum
Resint ferskynd
Tip

Foto © Matthijs Verkuijl
Yn Warkum, foar it Jopie Huisman Museum oer, stiet in op it each nijmoadrige boekesaak. Goed utillearre mei fansels alderhande boeken, kantoarnedichheden en ek toeristyske ynformaasje oer de stêd en de omkriten.
Wat is no it bysûndere fan dy saak? Net allinnich dat Vincent Stumpel, de eigener, in keninklike ûnderskieding mei it predikaat hofleveransier krige hat, mar dat it bedriuw ek mear as trijehûndert jier bestiet. Nammentlik al in 1719 hie Petrus Olingius yn it sintrum fan Warkum, al in soarte fan boekhannel en printerij. Der is sels noch in hypoteekakte fan, die bliken!
Yn ’e rin fan de jierren is it bedriuw noch twa kear ferfearn en sûnt 1904 sit it yn it geboud op it Noard. It liket derop dat it ien fan de âldste boekwinkels fan Nederlân is.
Sa’n predikaat hofleveransier kin men krije as in bedriuw mear as hûndert jier bestiet. Nei sa’n 2,5 jier dy’t de proseduere yn beslach nimt rikte de kommissaris fan de Kening Arno Brok úteinlik ôfrûne novimber it sertifikaat út.

Foto © Matthijs Verkuijl
Vincent Stumpel, sûnt 1981 eigener fan dizze saak, stamt út in famylje fan boekhannelers. Se hawwe ek in winkel yn Boalsert en ek yn Noard-Hollân. Tegearre mei syn frou driuwt er de saak. Nettsjinsteande de on-line mooglikheden dêr’t in soad minsken tsjintwurdich gebrûk fan meitsje, sjogge se de takomst mei bertrouwen temjitte.
It moaie is dat se ek Fryske boeken ferkeapje. Dat it past by it boerd ‘Wolkom’ dêr’t men mei ferwolkomme wurdt as men Warkum ynkomt.
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje