“Binne wy al yn Fryslân?” Besikers misse Fryske taal op ’e buorden

desimber 2, 2020 20:01

Foto: Kuipers / Kircher

Are we in Fryslân yet? Binne wy al yn Fryslân? Dy fraach komt by reizgers op dy’t ûnderweis binne nei Fryslân. Ut de tekst op ’e buorden oan ’e dyk is it nammentlik net op te meitsjen. Dat skriuwe de taalkundigen Helga Kuipers en Ruth Kircher op it taalkundewebstee Strictly Language.

It is net sa dat der yn Fryslân hielendal gjin Frysk te lêzen is, sa skriuwe hja. Yn doarpen binne de strjitnammebuordsjes gauris Frysktalich. Dochs oerhearsket op skrift oeral it Nederlânsk, sels op it plattelân. Dat it Frysk in offisjele taal is, blykt net út de omgong dermei.

Dat is om twa redenen net goed, skriuwe hja. Taal yn it lânskip ynformearret besikers nammentlik oer wêr’t hja binne én it brûken fan in taal troch de oerheid jout de Friezen in positiver byld fan harren eigen taal.

Ut in ûndersykje ûnder fyftjin Friezen die bliken dat dy ek fan betinken wiene dat der net folle Frysk yn ‘e iepenbiere romte te sjen is en dat hja it moai fine soene as dêr mear Frysk te sjen wie.

It (Ingelsktalige) stik fan de twa taalkundigen is hjir te lêzen: strictlylanguage.wordpress.com/2020/11/30/179.

desimber 2, 2020 20:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.