Bernebiënnale en eksposysje keunstner JR takom jier yn Grinzer Museum

desimber 28, 2020 08:51 Fernijd

It Grinzer Museum hâldt yn 2021 as earste museum yn Nederlân in bernebiënnale: in presintaasje fan eigentiidske ynteraktive keunst dêr’t bern aktyf by behelle wurde. Yn ’e hjerst presintearret it museum in grutte oersjochsútstalling fan de Frânske keunstner JR. Fierder is it ferrassende Stranger Things te sjen en wurk fan De Ploeg-keunstner Alida Pott. De hjoeddeiske útstalling The Rolling Stones – Unzipped rint noch oant en mei 28 febrewaris 2021.

It Grinzer Museum (foto: Wikipedia/Rob Koster – lisinsje CC BY-SA 4.0)

Bernebiënnale
Ferwachte: simmer 2021
De Bernebiënnale is in grutte ynteraktive keunstútstalling troch bern, foar elkenien. Alle keunstwurken dy’t te sjen binne yn de Bernebiënnale daagje út ta ynteraksje, partisipaasje en kreaasje. Troch te dwaan, ûntdekken, meitsjen en ferwûnderjen wurde besikers op in ôfwikseljende wize aktivearre. Dat kin bygelyks troch sels mei te ‘bouwen’ oan in hieltyd feroarjend wurk, sels by te dragen oan in digitale presintaasje of fysyk te bewegen yn in ynstallaasje. It trajekt fan de berne-ambassadeurs is te folgjen op kinderbiennalegroningen.nl.

Alida Pott
Ferwachte: simmer 2021
Alida Pott (1888-1931) wie it earste ‘dameslid’ fan de Grinzer keunstnersferiening De Ploeg. Har iere ferstjerren makke in ein oan in fynsinnich en ûnthjittend keunstnerskip. Hja liet in betreklik lyts oeuvre nei, besteande út oaljeferveskilderijen, akwarellen, tekeningen en kollaazjes. Alida Pott lit oan ’e hân fan in tritichtal wurken de ekspressiviteit en eigensinnichheid sjen dy’t sa karakateristyk foar har styl binne.

Stranger Things – Mode en Design
Ferwachte: simmer 2021
Heimsinnige wêzens yn wûnderlike kostúms reitsje fersyld yn bûtenwenstige situaasje. Guon binne útrist mei himmelguod en sammelje har om in libbensgrut fûlgiel boartersguodreau hinne. Oaren lykje har op te meitsjen foar in heimsinnige striid tsjin in leger fan grutte, swarte skaakstikken. Yn Stranger Things komme moade en ûntwerp út de eigen kolleksje fan it Grinzer Museum op ûnferwachte wize byinoar. Der is wurk te sjen fan ûnder oaren Iris van Herpen, Azzedine Alaïa, Studio Job, Viktor&Rolf, Joris Laarman, Jólan van der Wiel en Marc Newson.

JR: Chronicles
Ferwachte: hjerst 2021
JR: Chronicles is de earste grutte museale útstalling fan it wurk fan de Frânske keunstner. Yn de eksposysje binne muorreskilderingen, films en foaral in protte foto’s te sjen. It is in oersjoch fan syn karriêre oant no ta: fan graffitywurk as tsiener yn Parys oant grutskalige yntervinsjes yn stêden oer de hiele wrâld en resinte digitale kollaazjes fan muorreskilderingen mei portretten fan in bûnt publyk. De útstalling waard gearstald troch it Brooklyn Museum yn New York. It Grinzer Museum grypt de kâns oan om njonken de útstalling oer JR, Grinzers sichtber te meitsjen binnen en bûten de muorren fan it museum en wurket dêrfoar gear mei graffity- en strjittekeunsters. En in part fan de oansjenlike graffitykolleksje fan it Grinzer Museum wurdt toand.

The Rolling Stones – Unzipped
O/m 28 febrewaris 2021
The Rolling Stones – Unzipped
is de earste ynternasjonale útstalling fan en oer de wrâldferneamde rockband. Nei Londen, de Feriene Steaten, Australië en Azië toert de útstalling yn fernijde foarm troch Europa, mei de primeur foar Grins. Goed 400 orizjinele objekten út it persoanlike argyf fan de band jouwe in ymposant ynsjoch efter de skermen. Fan ynstruminten, audiofisueel byldmateriaal, deiboeken, posters en platehoezen oant poadiumûntwerpen, ikoanyske kostúms en sels in rekonstruksje fan harren earste appartemint en opnamestudio.

Njonken dizze eksposysjes binne ek De Collectie en Pronkjewails – Design uit heden en verleden it kommende jier te sjen. It programma is ûnder foarbehâld fan wizigingen yn ferbân mei it koroanafirus.

Sjoch ek op www.groningermuseum.nl foar mear ynformaasje.

desimber 28, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.