Beklimmers fan it flakke lân diel 3: Lânbou

desimber 11, 2020 08:51

Mei de rige ‘Beklimmers fan it flakke lân’ filmet Fryslân DOK in nij ferhaal foar de takomst fan it plattelân. Oer minsken dy’t de holle boppe it meanfjild útstekke, foaroprinne en rjochting sykje. Nei de ôfleveringen ‘Perspektyf’ en ‘Lânskip en Natuer’ is kommend wykein it tredde diel fan de searje te sjen: Lânbou.

Foto: Omrop Fryslân

De takomst fan de lânbou is miskien wol it grutste tema fan it plattelân. Protesten tsjin ‘De Haach’ geane hân yn hân mei fûle diskusjes tusken boeren en harren organisaasjes. Der liket in twadieling tusken de hightech en biologyske lânbou te wêzen. Mar is der ek noch op in oare manier nei de lânbou te sjen? Imke de Boer en Evelien de Olde tinke fan wol. As ûndersikers ‘dierlike produksjesystemen’ oan Wageningen University & Research skreauwen se tegearre in yntegrale fyzje op de takomst fan de lânbou. Se wûnen der de Rockefeller’s Food System Vision Prize mei en kamen by in seleksje fan foaroansteande wittenskippers op dat gebiet. Harren fyzje begjint by de boarger. Dy moat belutsen wurde by syn eigen produksje fan iten, sadat er dêr ferantwurdlikens foar fielt. Boppedat pleitsje De Boer en De Olde foar ‘miljeuplafonds’, dat wol sizze de maksimale belêsting dy’t in regio fan de lânbou hawwe kin. It idee: de boer is njonken in effisjint produsint ek steward fan it lânskip en wurdt dêr ek foar betelle.

Foto: Omrop Fryslân

In oare beklimmer is foeraazjehanneler Theo Mulder út Kollumersweach. Syn misje is de lânbougrûn wer sûn te krijen troch minder keunstdong en pestisiden te brûken. Mei oare gerssoarten en in natuerlike boaijembehanneling kin de boer duorsumer wurkje en krekt sa’n goede produksje leverje as no, is Mulders oertsjûging. Hy neamt de boer ‘de apoteker fan de takomst’, dêr’t sûn iten it medisyn by is. Hy preket syn evangeelje by boeren yn it lân en hat kontakt mei ynternasjonale wittenskippers.

De makkers Albert Jensma en Bart Kingma fan Fryslân DOK geane ek nei selsrisptún Us Hôf yn Sibrandabuorren, dêr’t eigeners Bregje Hamelynck en Michel Paulius op basis fan permakultuer wurkje. Op it hiem groeie grienten, fruitbeammen en blommen, en der wurde kursussen en ytgearkomsten holden. Us Hôf is in ‘Community Supported Agriculture’, oftewol in bedriuw dat gearwurket mei de mienskip dêr’t it de gewaaksen oan leveret. De leden fan de koöperaasje kinne meihelpe op it lân en sels harren iten rispje.

Fryslân DOK: ‘Beklimmers fan it flakke lân diel 3: Lânbou’
Sneon 12 desimber, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 13 desimber 13.10 oere)
Snein 13 desimber, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

desimber 11, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.