Band WIEBE bringt nije, Frysktalige plaat út
Resint ferskynd
De band Wiebe hat ôfrûne wykein in nije single útbrocht. It giet om ‘Nimmenslân’, in nije, Fryske ferzje fan it nûmer ‘No-man’s-land’. It orizjineel ferskynde earder as single en is ôfkomstich fan it album Y dat yn 2019 útkaam. ‘Nimmenslân’ is opnommen mei it Frysk Jeugdorkest ûnder lieding fan Theo Brouwer en is mikst troch Nico Outhuijse fan studio The Grien Room.
Neffens Wiebe Kaspers slút de nije plaat oan by de koroanakrisis, foar him persoanlik in tiid fan refleksje: “Kies dyn eigen wei en hâld dêrby net te folle rekken mei oaren op kosten fan dysels.” De sjonger en pianist wol dêrmei in posityf berjocht oan syn harkers meijaan en hopet dat se net yn in negative sfear hingjen bliuwe.
Oer it orizjineel sei 3voor12/Friesland: “Op it nûmer ‘No-man’s-land’ wurdt WIEBE op weardefolle wize bystien troch it Frysk Jeugdorkest. Mei prachtige arranzjeminten en geweldich sjongen fan Kaspers foarmet it album in emosjonele registraasje fan it ferwurkingsproses fan in iensidich opseine leafde.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje