Arno Brok: ‘Takomst fan de frisistyk’ is wichtichste taalboek
Resint ferskynd

De antwurden fan Brok op de taalfragen yn Onze Taal (yn it desimbernûmer fan 2020)
It boek De takomst fan de frisistyk, besoarge troch Rolf Bremmer, Riemer Janssen en Oebele Vries, is it wichtichste boek oer taal dat yn 2020 ferskynd is. Dat seit de foarsitter fan it Genootschap Onze Taal, in organisaasje dy’t opkomt foar it Nederlânsk. Dy foarsitter is Arno Brok, kommissaris fan de kening yn Fryslân.
Yn it boek wurdt ferslach dien fan in konferinsje út 2019, dêr’t saakkundigen prate oer de takomst fan de frisistyk, de wittenskiplike bestudearring fan de Fryske taal en kultuer. De bydragen meitsje dúdlik dat it dêr net goed mei giet, ûnder oaren troch finansjele en bestjoerlike problemen by de Fryske Akademy, te lytse studinteoantallen en it fergriizjen fan de wittenskippers.
Brok, fan komôf in Hollanner, stiet bekend as in Frysksinnich man mei in grutte leafde foar taal. Earder wie er foarsitter fan de Afûk yn Ljouwert, in organisaasje dy’t troch taalkampanjes, it útjaan en ferkeapjen fan boeken en it organisearjen fan kursussen in protte foar it Frysk docht.
Brok neamde it boek yn it tydskrift Onze Taal, yn it ramt fan in rige koarte fraachpetearen mei pommeranten oer taal.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer De takomst fan de frisistyk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje