Aktiviteiten yn Fryslân foar grûnwetter

desimber 18, 2020 07:20

Fan ’e wike komt de twadde printinge fan de Grûnwetteratlas út. Dy atlas is in gearfetting fan de Strategyske Grûnwetterstúdzje Fryslân, dy’t fan 2017-2019 útfierd is. Sûnt it ferskinen fan de earste printinge, yn septimber 2019, binne ferskate maatregels yn útfiering. De grûnwetterstúdzje is dêr in wichtige basis foar. Der wurdt no wurke oan proefprojekten by boeren om wetter fêst te hâlden op sângrûn, advys by fersâlting yn it klaaigebiet, in basis foar it omgean mei drinkwetter.

Troch de klimaatferoaring is it neitinken oer de ynrjochting fan it wettersysteem urgint. De Fryske wetterboezem en ferskate grûnsoarten freegje om oanpassingen. De sângrûn ferdrûget bygelyks. Dêrom rint yn eastlik Fryslân in proefprojekt om op de sângrûn wetter fêst te hâlden. De earste resultaten jouwe moed. It is slagge om mear wetter fêst te hâlden en om maitiids en simmers de grûnwetterstân te ferheegjen. Dêrtroch hat it gewaaks minder lêst fan drûchte.

Yn ferbân mei de fersâlting fan it klaaigebiet is Peter Prins yn it ôfrûne jier úteinset as Regiomakeler Zoet Zout Knooppunt. As adviseur op it mêd fan fersâlting hat er kontakt mei ferskate partijen en boeren.

Om de drinkwetterfoarsjenning yn Fryslân foar lange tiid feilich te stellen hawwe Vitens en de Provinsje mei-inoar in Drinkwetterstrategy 2050 opsteld. Der wurde gebieten oanwiisd dêr’t yn de takomst op in duorsume manier drinkwetter wûn wurde kin. De strategy wurdt in boustien foar it Regionaal Wetterprogramma fan de provinsje Fryslân en foar de Omjouwingsferoardening.

De earste printinge fan de Grûnwetteratlas fan Fryslân wie binnen in jier útferkocht. De twadde printinge komt dizze wike út. Op Grondwater in Fryslân – Wadden en Water – Beleidsthema’s – Provincie Fryslan is de atlas yn te sjen en in eksemplaar fergees oan te freegjen.

Provinsjale Steaten hawwe op 21 oktober 2020 it belied en de te folgjen wurkwize yn de startnotysje foar it Wetterprogram fêststeld. Dy wurde yn 2021 útwurke. It Regionaal Wetterprogram (2022–2027) sil beskriuwe hoe’t yn Fryslân mei wetter omgien wurdt.

desimber 18, 2020 07:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.