Aant Mulder: Rotterdam leit net yn Fryslân

desimber 8, 2020 07:00

Kollum

Rotterdam leit net yn Fryslân en neffens boargemaster Aboutaleb kin de haven fan Rotterdam diskant ek net út. De boargemaster fan Rotterdam hat wol gelyk, mar hoe’t er it sei, dat noaske mei eins net. Dat kaam snein 29 novimber yn in fraachpetear tusken Pieter Jan Hagens en Aboutaleb yn Buitenhof oan ’e oarder. Dy opmerkingen hiene alles te krijen mei it ûnderstelde feit dat Rotterdam stipe wurde moat en dat Fryslân wol gewoan Fryslân bliuwe kin. It fraachpetear gie oer it Nationaal Groeifonds dat it regear ynsteld hat en dêr’t oanfragen foar yntsjinne wurde kinne. It giet om 20 miljard yn fiif jier en hieltyd foar projekten fan mear as 30 miljoen. In knoarre jild dus! Dêr wol in grut ferskaat oan regio’s wol wat fan ha. It feit dat de digitale side fan dat groeifûns op de thússide pronket mei in foto fan Rotterdam is eins al net sa’t it heart. Datselde gefoel hie ’k ek in bytsje by de útstjoering fan Buitenhof. Wêrom  Rotterdam wol en de oaren net? No ja, dy kinne noch komme fansels.

Foto © Aant Mulder

Wêrom Rotterdam? Ik tink dat ik it wit. Boargemaster Aboutaleb hat kundige dat er beskikber is foar in tredde termyn as boargemaster fan Rotterdam. Tagelyk wurdt dúdlik dat it mei de ekonomyske motor dy’t Rotterdam is, ôffalt en ek net sa’n bytsje. De ûntwikkelingen bliuwe sa’n 10 a 15 prosint efter by de ferwachtingen. Der moat dus wat barre, net allinne yn Rotterdam, mar yn dy hiele regio dêr’t ek Dordrecht en De Haach by hearre. It giet om 23 gemeenten yn dat gebiet. De wurkgelegenheid rint werom en dat wolle se dêr net. De haven hat it minder drok en de petrogemy hat syn bêste tiid ek hân. De yndustry moat fernije, griener wurde. Der moat mear wurkgelegenheid komme. De boargemaster hat it oer 120.000 banen, 10.000 wenningen, mear diken en âlde rails moatte nij wurde. Dat ik begryp dat 2,5 of sels 3 miljard út it groeifûns suver mar in hiele gewoane oanfraach is. Wiebes hat de oanfraach hast al tasein as ik de boargemaster leauwe moat.

Aboutaleb seit letterlik: ‘Gaat u maar ergens in Friesland wonen
en kom dan maar werken in Rotterdam. Dat lukt niet.’

Gearfette draait it plan fan Rotterdam en omkriten dus om mear griene wurkgelegenheid, mear ûnderwiis, mear wurk, mear minsken, mear huzen en mear diken, âlde rails fernije. Moat dat wol? Dat is sa’n bytsje de fraach fan Hagens. Dêr komt Fryslân yn byld. Soe nij spoar, troch de polders en hielendal nei Grins ta net in bettere opsje wêze? It noarden set ommers yn op de Lelyline en wol foar dat projekt jild út datselde groeifûns ha, konkurrinsje dus. De boargemaster seit it net sa, mar it is dúdlik dat er dat net sitten sjocht. Yn Fryslân wenje en yn Rotterdam wurkje, dat wurdt neat. De minsken moatte wenje wêr’t it wurk is, yn Rotterdam dus! Dat wurk ek nei oare plakken ta kin, wurdt neat oer sein. Aboutaleb seit letterlik: ‘Gaat u maar ergens in Friesland wonen en kom dan maar werken in Rotterdam. Dat lukt niet.’ En hy seit ek: ‘De haven komt niet naar Friesland.’ De man hat fansels neat tsjin Fryslân as Rotterdam en omkriten it jild mar krije en grutter wurde kinne. Dat elke konkurrint is, wat it groeifûns oanbelanget, ien tefolle. Dy Lelyliny kinne se yn Rotterdam wol sûnder. Dat wurdt net sein, mar in oare konklúzje is net mooglik. Rotterdam hat neat mei Fryslân. Dat is ek dúdlik. Nuver, want wa’t nei de skiednis sjocht, soe dochs wat oars ferwachtsje. Doe’t Rotterdam noch net iens bestie, wennen der al Friezen yn dat gebiet.

Ik jou ta, we moatte wol in ein werom, mar tusken 700 en 1200 leine tusken Swin (yn België) en Weser (yn Dútslân) allegearre Fryske greefskippen. Yn dy tiid (ein 7de, begjin 9de iuw) wie Doarestêd in grutte en ferneamde havenstêd, dêr’t Friezen om it jier 800 hinne wennen en wurken. It soe noch skoften duorje foardat Rotterdam as doarpke oan de Rotte yn it eardere Fryske gebiet in havenstêd fan kwizekwânsje waard. Dy daam yn de Rotte kaam der om 1270 hinne. Rotterdam waard lykwols earst in havenstêd fan betsjutting doe’t de Nieuwe Waterweg groeven waard. Dat wie tusken 1866 en 1872.

Foto © Aant Mulder

Twa dingen soe de boargemaster fan Rotterdam wat mear omtinken foar ha kinne, it ferline fan de eigen stêd en wat oanleine saneamde keunstwurken, ferbiningen dwaan kinne. Earst it eigen ferline Der ha Friezen wenne. Okkerdeis stie der noch in prachtich artikel oer yn de kranten. Peter-Alexander Kerkhof fan de universiteit fan Leien hat útsocht dat yn dat gebiet noch altyd oan nammen werom te sjen is dat de Fryske taal dêr gewoan west hat. Hy neamt foarbylden: Langetaam, mar ek Forschate (Voorschoten), Northga (Noordwijk) en Haghe (Kaag). Der soe sels yn de 12de iuw yn Maasland ûnder de reek fan Rotterdam (dat doe net bestie) noch Frysk praat west ha.

Dat is ien ding. Wat oars is dat Rotterdam witte moat hoe wichtich oft keunstwurken wêze kinne, oft dat no in groeven kanaal lykas De Nieuwe Waterweg is of in oan te lizzen spoar. Doch dêrom net sa lyts, mar sjoch dat spoar as in goede ferbining troch de noardlike provinsjes nei Dútslân ta en tagelyk as in mooglikheid om wat mear minsken wenje en wurkje te litten op plakken dêr’t noch romte is. Dus: wat minder Rotterdam, wat mear regio. Dat sjocht de boargemaster dus oars. Likegoed winskje ik Aboutaleb in tredde termyn ta. It liket my in aardige man en in goede bestjoerder ta. Faaks bringt er Rotterdam en Fryslân dochs wat tichter byinoar as ik no tink. En oars bliuwe we hjir dochs wol lokkich.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 5 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 8, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. joute de graaf desimber 10, 20:12

    Aant ha it helder ferwurde. It is goed dat we de Rânestêd merke litte dat se ús net allinne as wingebiet beskôgje kinne. Ús ierdgas út de grûn helje. Ús gjin part fan it Ryksjild jouwe wêr’t we rjocht op ha. Ús amper serieus nimme yn ús taal. Aant pleit er foar dat Fryslân ek Fryslân bliuwe kin. Dan ha we goede ferbiningen en ynfrastruktuer nedich. Prima. Dochs hart syn pleit foar my ek wat dûbels. Foar’t je it witte ha we Hollândites en dat liket my net wenstich. Asjeblyft sis, Harns Seaport. Ek in Heechoven der by? Ik kriem koart. Wat my oangiet hoege we dy ûntwikkelingen hjir net. Lit ús de griene greiden, de bou-ekers, de skjinne loften mar wat hâlde. Mei de nije technology krije we hjir ek wol wurk. Mear oandacht en jild foaer Fryslân , mar we moatte sels de finger oan de pols hâlde hjir.

  2. Johan g.Koers desimber 11, 22:15

    folsein iens mei Joute de Graaf!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.