Aant Mulder: It moat gjin alvêstedewinter wurde

desimber 1, 2020 07:00

Kollum

Ik hâld fan winters mei snie en iis. Ik hâld fan reedriden en fan reedriderstochten troch it winterske Fryske lânskip. Ik hâld fan de Alvestêdetocht. Ik ha jierrenlang oan net al te lange tochten meidien. Dêr hearde de Alvestêdetocht dus net by. Men moat jins grinzen kenne. Sûnt it alle kearen drokker op it iis waard, bin ik mear taskôger as meidogger wurden. Dat is de iene kant fan it ferhaal. De oare kant is dat men mei it âlder wurden foarsichtiger wurdt. Likegoed bin ik en bliuw ik in leafhawwer fan echte winters. Dochs hoopje ik diskear op in iepen winter. It moat mar net frieze en al hielendal gjin hynste-iis. Der moatte gjin balken ûnder it iis sjitte. It moat gjin alvestêde-iis wurde. Ik moat der net oan tinke: in alvestêdewinter sûnder Alvestêdetocht.

Foto © Aant Mulder

Sa’n situaasje soe him foar it earst sûnt 1909 foardwaan kinne. Yn dat jier waard de earste Alvestêdetocht ferriden. We ha no fyftjin fan sokke tochten hân mei Minne Hoekstra fan Wergea as earste en Henk Angenent fan Woubrugge as lêste winner. Dy tochten waarden ferriden ûnder hieltyd wer oare waarsomstannichheden. Der wiene teiwaartochten by. Dat wie daliks mei de earste tocht al sa. De tocht fan 21 febrewaris 1985 mei Evert van Benthem as winner is in oar foarbyld. Sokke teiwaartochten ha dus in pear kear oan ’e oarder west. Ornaris frear it en in inkelde kear frear it sels dat it ongele. Fan en ta frear en snijde it. De swierste tochten wiene fansels de tochten dy’t ferriden waarden op min iis wylst it frear, snijde en hurd waaide. Wat dat oanbelanget moat de drege tocht fan 1963 neamd wurde. Fan de 9862 kamen mar 127 riders yn Ljouwert oer de streek mei Reinier Paping út Ommen as geweldige winner.

Hokker waar we fan ’t winter ek ha, it docht der net ta. Der komt gjin Alvestêdetocht. Wiebe Wieling, de foarsitter fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden hat dat sein. Dat dy tocht der net komt, hat net mei it waar, mar mei koroana te krijen. Tûzenen riders en noch folle mear taskôgers oan ’e kant, dat kin no gewoan net. Sa’n massaal barren is it no, mar dat wie it net altyd. It begûn allegearre hiel beskieden. Dy earste tocht diene mar 23 riders oan mei. Sûnt diene hast alle kearen mear dielnimmers mei. Dat wiene earst in pear hûndert, tusken 1940 en 1963 in pear tûzen. De lêste trije tochten wiene dat lykwols hieltyd goed 16000. It sil wol neat mei-inoar te krijen ha, mar it wiene tagelyk de tochten dêr’t media en sponsors in hieltyd grutter oanpart yn hiene. Sûnt steane der oan wjerskanten hieltyd mear minsken op it iis of op ’e wâl om dy tûzenen reedriders net allinne yn aksje te sjen, mar ek om se oan te fiterjen om dy hast 200 kilometer lange tocht ta in goed ein te bringen. Safolle minsken, dat binne der yn koroanatiden te folle. Dat sil dúdlik wêze.

As der gjin tocht komt, wylst it wol kin,
dan sille party riders op eigen manneboet dy tocht ride.

Fan ’t jier komt der dus gjin Alvestêdetocht. Der soe fierstente folle folk op ôf komme. Dy situaasje is net folle oan te dwaan, net foar te kommen. Ik ha al ferskillende opsjes heard. Guon wolle allinne de wedstriid. Oaren wolle gjin taskôgers oan ’e kant of allinne mar Friezen. Treinen dy’t allinne de provinsje út ride! It sil net folle úthelje. Wy krije de minsken grif net safier dat se allegearre thúsbliuwe en de tocht fan in beheind tal riders op de telefyzje folgje. Dat kinne we wol ferjitte. Dat Wieling hat gelyk. Mar ja, as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t in kin. Sa stekke wy no ienris yninoar. As der gjin tocht komt, wylst it wol kin, dan sille party riders op eigen manneboet dy tocht ride. Dat wolle oaren dan wer sjen. Dat ik tink dat it yn in alvestêdewinter likegoed noch ôfgryslike drok op en bylâns dy rûte wurdt. En dat moat dus net.

Iisbaan Balk. Foto © Aant Mulder

Ik hoopje dêrom as leafhawwer mar ien ding: in moaie winter mei mar in bytsje iis. Lit it gjin alvestêdewinter wurde, want sa’n winter sûnder Alvestêdetocht, dat wurdt in ramp. It muoit my om alle meidoggers, wedstriidriders likegoed as toerriders. It muoit my om alle taskôgers. It muoit my ek om Piet Paulusma. Dat is de man dy’t ús al fiifentritich jier lang foar Omrop Fryslân oer it waar op ’e hichte hâldt. Yn sa’n jubileumjier soe ik him wol sa’n strange winter gunne. Hy soe der no as betûfte waarman prachtich oer fertelle kinne. Hawar, it is better fan net. Om’t we faker winters sûnder as mei alvestêdetochten ha, is de kâns aardich grut dat it fansels wol goed komt.

Ik kin der net om hinne, it muoit my ek om mysels. Ik ha in pear fan dy tochten foarbykommen sjoen. De earste kear stie ik yn Poppenwier oan de Snitser Aldfeart, de oaren kearen yn Drylts oan de Geau en yn Balk oan de De Luts. It wiene moaie mominten. De earste kear stiene we mei mar in pear minsken te sjen. Troch de jierren hinne waarden dy lytse groepkes grutte kloften. Foar 1985 hie de tocht grif wol koroanafeilich ferriden wurden kinnen. No net mear.

Wy ha it hast al 25 jier sûnder sa’n tocht dwaan moatten. Lit ús hoopje dat it fan ’t winter gjin balstiennen friest, dat der gjin balken ûnder it iis sjitte, want dan binne we grif net te hâlden. As we allegearre op eigen manneboet meidwaan wolle, foaroan stean wolle, dan komme we der net mei de 1.50 meter en beferzen mûlekapkes. Koroana kriget dan frij spul. De kâns is grut dat de oare deis hiel Fryslân en al dy minsken fan bûten Fryslân yn Fryslân yn karantêne moatte. Dêrom moat it dus gjin alvestêdewinter wurde.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 21 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
desimber 1, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga desimber 1, 12:24

    Aant Mulder hat leaver gjin alvestêdewinter. It sil my nij dwaan dat it friest as it kreaket en doch winter wurdt. It iis tsjok genôch om 20 tûzend reedriders te hâlden. As der gjin tocht organisearre wurdt, sille de reedriders ferspraat oer in pear dagen de Alvestêdetocht reedride. Ek dan stean der in protte minsken lâns de kant en fiterje se oan. De FB, Twitter, Instagram stean in protte berjochten fan minsken, reedriders of net, dy ‘t de hiele rute beskôgje en de iisdikte beskriuwe. Dit soarte fan media hat sa’n ynfloed dat der op eigen manneboet reedriden wurdt. Dan is Fryslân yn dizze winter wer efkes it sintrum fan ‘e wrâld. Ik sil der mei nocht en wille oan meidwaan. Nee, net reedride, myn skonken wolle net mear reedride, spitich. Ik stean dan oan ‘e kant en ha al dagen lang it iis op ‘e Blikfeart mjitten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.