Aant Mulder: It dekselske lid op ’e noas

desimber 22, 2020 08:58

Kollum

Der binne siswizen dy’t goed strike mei de situaasje dêr’t we no yn sitte, de lockdown, de ôfskoatteling. Ik tink oan: ‘Hy kriget it lid op ’e noas’, of, ‘Wa’t it ûnderste út ’e kanne ha wol, kriget it lid wolris op ’e noas.’ Dy siswizen siet ik al mei tangele om’t immen my frege oft in lid net in deksel wêze moast.

Molkbus mei lid, Museum Belvédère. foto Aant Mulder

Ik wol it earst oer de situaasje fan no ha. Dat ús maatskippij hast folslein ôfskoattele is, ha we nei alle gedachten wol in lyts bytsje oan ússels te tankjen. It falt net ta en doch wat yn in oardel metermaatskippij dien wurde moat: yn ’e earmtakke hoastje, ôfstân hâlde, thúsbliuwe en thúswurkje, mar in pear minsken wolkom hjitte, jin by klachten teste litte en yn ’e hûs bliuwe as dat moat en dat dan foar de hiele húshâlding. Wy ha sjoen hoe’t it linkendewei drokker waard yn de winkelstrjitten en de winkels. Desimber nûget fansels ek út en doch ynkeapen. Dat de jongerein graach dingen dwaan wol, begripe we allegearre wol. En as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t kin, sille guon grif gauris tocht ha. Feestjes waarden sa yllegale feestjes. Oproppen om sokke dingen net te dwaan, folle net genôch, mar tafersjoch wie der de helte minder.

No moatte we it allegearre belije. Grutte feesten om de hjeldagen hinne kinne we wol ferjitte. Gjin krystnachttsjinsten, gjin fjoerwurk yn de âldjiersnacht, gjin nijjiersdûken. In foarbyld: karbidsjitte mei allinne as men dat tegearre docht en oardel meter ôfstân hâldt. De measte winkels moatte wikenlang ticht. Datselde jildt foar museums, bioskopen, teäters en oare plakken dêr ’t grutte eveneminten holden wurde kinne. De skoallen ha wol in hiel lange krystfakânsje krige, net om ’e bern, mar om de memmen by it stek. Sa wurdt it sankje fan Jaap Louwes samar wer op in hiele oare wize aktueel. En no mar hoopje dat we ús der allegearre wat better oan hâlde as earder.

Grutte feesten om de hjeldagen hinne kinne we wol ferjitte.
Gjin krystnachttsjinsten, gjin fjoerwurk yn de âldjiersnacht, gjin nijjiersdûken

Dogge we dat net, dan bin ik werom by de siswizen, dêr’t ik mei begûn. De fraach bliuwt oft we it lid of it deksel op ’e noas krije. Guon Friezen binne der folslein fan oertsjûge dat de dingen dy’t fan boppen iepen binne net mei in lid, mar mei in deksel ôfsletten wurde. Hoe sit dat no krekt? As ik it Frysk Hânwurdboek leau, dan bin ik gau klear. Dêre steane by ‘lid’ wol tsien ferskillende betsjuttingen. As earste wurdt neamd: ôfsluting fan foarwerpen dy’t oan ‘e boppekant iepen binne en ek deksels neamd wurde. By ‘deksels’ stiet: In deksel is in Hollanisme foar lid. Dúdlik dus.

Yn Tsjechië krigen we ris snert út in fan bôledaai makke sopkom mei in selde lid dat wol aardich paste. Alles om op te iten! Aant Mulder

It hat der alles fan dat deksel hieltyd faker foar kar nommen wurdt om’t it minder betsjuttingen hat en om’t it fansels lykop rint mei it Hollânsk. Likegoed hat deksel dochs noch wol in inkelde oare betsjutting. Tink mar oan: dekselsk en in pear farianten, dy’t betsjutte: duvelsk, blikstienders. Foarbylden: dy dekselske bern; it is dekselske kâld. Dat is moai dúdlik allegearre. Mei lid leit dat wat oars. Dat begjint al mei de meartallen. We ha lid-lea, lid-lidden, lid-leden. Dat binne tagelyk hiele ferskillende dingen. As we it oer lid en lea ha, dan ha we it ornaris oer ús lichem. In pear foarbylden: Der hat him noch nea in lid sear dien. Hy hat dus noch nea siik west. De earm út it lid. Gjin lid ferroere. Folle faker brûke we it meartal as it oer ús lichem giet, dus lea. De lea dogge my sear, kant fan liif en lea, in sykte ûnder de lea ha, it wol oan ’e lea ha. It meartal lidden komt ek foar: eachlidden. Dan ha we dus ek noch lid-leden as it om ferieningen of sa giet. Gjin wûnder dat it wurdsje lid foar it ôfsluten fan wat fan boppen iepen is aardich op ’e eftergrûn rekket.

Ik hâld likegoed út dat we it lid op ’e noas krije. Ik sil lid en lea in pear kear brûke. De lju dy’t yn De Haach de minister-presidint it sprekken ûnmooglik meitsje woene, brûkten panlidden as ik it goed sjoen ha. Syn ferhaal oer hoe’t ús lân ôfskoattele wurde moat, feroare der net om. Lit ús hoopje dat it allegearre in bytsje goed beteart en hoewol’t it ús wat kâld op ’e lea foel, moatte we likegoed tajaan dat net folle fan ús wat dat oanbelanget skjin op ’e lea binne. It moast sadwaande wol op sa’n ôfskoatteling útrinne. Hawar noch ien siswize om te stypjen dat deksel lid wêze moat. Der is gjin pot sa bryk of der past in lid op. Dat kin sa wêze, mar dan moatte dy potten en lidden inoar wol moetsje. It falt yn dizze moannen fansels neat net ta en fyn in pot of in lid. Hoewol, der binne datingsites dy’t grif goede saken dogge. Mar dochs, op oardel meter ôfstân is slim út te finen oft it lid op dy pot past.

Hawar, ik hoopje yn alle gefallen dat jimme nei de koroanakrisis noch hieltyd gjin lid sear dien hat, dat jimme dus net siik west ha. Mocht dat al it gefal west ha, betink dan, dat as de earm út it lid is, dat dat slim is, mar as it lid út it lid is, dat dat helte slimmer is. Dêr moatte jimme mar ris oer neitinke. Ik leau dat ik yn dizze kollum wol aardich oan it lid kommen bin, aardich sein ha wêr’t it om giet. Yn it wurdboek stiet it ek: Wat yn it lid reitsje (lykas it wiif de woartel), op it goede momint op it goede plak wêze. Dat is moai sein en dat komt grif út Gysbert Japiks syn brulloftsdicht Friessche Tjerne wei. Dat kin hast net oars. Ik woe mar mei in pear rigels út dat gedicht dat oer brulloftsjen en dus oer ek oer iten, drinken en feestfieren giet, ôfslute.

Da ’k ijnne Koockne koom / Ho! dear wier socken rid
Fen Feynten / Fammen / Bern: ’k tocht / dit reyts ick ijn ’t Lid
As ’t Wijv de Wirttel die / dit schoe my aeaeck wol flye

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 19 desimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

desimber 22, 2020 08:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap Slager desimber 22, 18:51

    Moai stikje!
    Wat se teffens yn Tsjechje hawwe, ha wy ek yn Portegal. Hjir hjit it ‘sopa no pão’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.