Aant Mulder: Grutte barrens, lytse rûnten
Resint ferskynd
Kollum
Ik hie it nea tocht, mar ik sjoch hieltyd minder telefyzje. Der wurdt hieltyd sein dat soks foar de jongerein jildt, mar ik ha der dus ek lêst fan. It hat te krijen mei myn foarkar. Ik hâld fan nijs- en praatprogramma’s, fan diskusjes. Sokke programma’s hiene altyd al it beswier dat se jûns betiid of krekt let útstjoerd wurde en in dei letter is it âld nijs. Dat is noch dêroan ta, mar stadichoan falt op dat it tal ûnderwerpen hieltyd beheinder liket te wurden. It giet de redaksjes fan dy programma’s om de grutte barrens. Dêr wolle se it allegearre oer ha. Lyts nijs docht der hieltyd minder ta. Dy praatprogramma’s geane dus oer: Brexit, Amerikaanske ferkiezingen, koroana. It lêste ûnderwerp is fansels de grutte winner. Dêr yn de Rânestêd ha se saakkundigen, lykas sjoernalisten, foarljochters, politisy genôch. Sy wenje en wurkje dêre allegearre om ’e hoeke. Makliker kin it net. Sa wurdt tidige op in grut publyk.
It hat op my in averjochtse útwurking. Fansels, wy moatte op ’e hichte wêze, mar dat kin ek mei minder programma’s dy’t hieltyd oer itselde geane. Fan alle kanten kin ik ynformaasje krije oer koroana en de besluten dy’t dêroer nommen wurde. It binne hieltyd deselde ferhalen. De saakkundigen fine der likegoed hieltyd wat oars fan. De besluten komme te betiid of te let, geane te fier of krekt net fier genôch, hiene yn alle gefallen oars moatten en sa kin ik noch wol efkes trochgean. Logysk fansels, want wêr moatte se it oars yn sokke praatprogramma’s oer koroana oer ha. Fan en ta ha ik it gefoel dat dy útstjoeringen ús gewoan oproppe om te dwaan wat we wolle. De fraach oan panelleden en minsken op strjitte “Mei hoefolle minsken fiere jo de krystdagen?” komt faak foarby. Dat ûnderwerp kriget alle tiid. Sa’t no oer de koroana telefyzje makket wurdt, sa waard dat earder oer de Brexit dien. Dêr hearre we eins neat mear fan, wylst it no dochs spannende wiken binne. De Brexit moast plak romje foar de Amerikaanske ferkiezingen. Dy binne ek noch lang net yn kalk en semint, mar folle hearre we der net oer. Europeesk nijs oer begrutting en koroanafûns helje de praatprogramma’s al hielendal net mear. Dy strideraasjes om miljarden binne ûnder de bedriuwen troch wol ta in foarriedich ein kommen.
Gasten fan bûten de Rânestêd skowe net faak oan
of it soene út Fryslân wei Wiegel en Buma wêze moatte.
As ik foar de telefyzje sitten bliuw, reitsje ik dus net goed op ’e hichte fan it grutte nijs. Datselde jildt eins foar it lytse nijs. Dêr bedoel ik it regionale nijs mei. Dêr is noch minder romte foar. Gasten fan bûten de Rânestêd skowe net faak oan of it soene út Fryslân wei Wiegel en Buma wêze moatte. Dat komt net troch harren regionale útstrieling mar troch de lanlike bekendheid. Wêr bliuwt de boargemaster fan de grutste gemeente fan Nederlân as it om de kante kilometers giet. Wêrom hearre we neat oer de ferskuorrende feangreideproblematyk, de boaiemdelgong, it Waad, de eigenheid fan Fryslân sûnder dêr folkloristysk oer te dwaan. It binne samar in pear foarbylden. Wat foar Fryslân jildt, jildt ek foar oare provinsjes. Dêr hearde ik okkerwyks steatssekretaris Raymond Knops yn De Haach dúdlike dingen oer sizzen. Dat foel op. Koart gearfette: de regio docht der ta. Hawar, fan de media yn de Rânestêd hoege wy neat te ferwachtsjen. Wy moatte it earder fan Omrop Fryslân ha, fan Hjoed en fan It Polytburo, as we wat oer eigen omkriten witte wolle. Dat Polytburo is wol aardich. Twa sjoernalisten, dy’t ornaris ien politikus befreegje. Moai, mar mear, en dan benammen mear gasten, moat mooglik wêze.
No’t it stadichoan lestiger wurdt om de hiele wrâld oer te fleanen en om yn grutte kloften wille te hawwen, wurdt it hieltyd dúdliker dat we mear oanwiisd reitsje op de eigen omkriten, op de eigen famylje, op freonen en goekunde, op thús. Koaroana makket dat we ús yn lytse rûnten fermeitsje moatte. Dêr moatte we oan wurkje en dêre soene de media ús by helpe moatte. Fan en ta bart dat aldergelokst ek. Op Omrop Fryslân hearde ik in fraachpetear mei immen dy’t fynt dat trije minsken gewoan trije minsken binne. Hy nûget de bern en bernsbern net mear allegearre tagelyk, mar yn tastiene groepkes ferspraat oer de feestdagen. Hy sei, it soe samar kinne dat we dan wat minder roppe en raze en wat mear goede petearen ha. Mear sokken! In oar moai foarbyld: Omrop Fryslân stjoert yn dizze wiken yn gearwurking mei de Frjentsjerter Akademy programma’s út oer distiid fan it jier, programma’s oer stjerren, oer feesten. Dat neame se de Thúsakademy. It binne Fryske programma’s, de lêzingen sels binne dat net. Spitich, dat hie krekt noch wat mear stipe jûn oan it thúsgefoel. Hawar sokke programma’s kinne thús prachtich yn lytse rûnten folge wurde.

Foto: It Nijs (foto Geert Mak: Vincent Mentzel)
It moat allegearre lytser en it soe om my ek allegearre wol wat Frysker kinne. Dat heart by dat thúsgefoel fyn ik. Omrop Fryslân hat dêr in grut oanpart yn. Tink mar oan de top 100 dêr’t we fansels allegearre oan meidogge en dêr’t we op âldjiersdei fan genietsje kinne. Der soene ek moaie dingen mei it Polytburo dien wurde kinne. Prate mei mear minsken dy’t der yn Fryslân ta dogge. Foar wa’t efkes net harkje of sjen wol, ha ’k wol in alternatyf: DE NIJE, it Fryske tematydkrift dat diskear oer Fryslân en Europa giet mei ferhalen fan Geert Mak, Jan Huitema en Simone Djurrema. Ik tink dat it noch wol te krijen is yn tydskriftewinkel, boekhannel of supermerk. It soe moai wêze as we binnen de koroanamaatregels sa yn lytse rûnten dochs moaie wiken ha.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje