Aant Mulder: De stjerren steane geunstich foar it Frysk

desimber 29, 2020 10:10

Kollum

Dit is de lêste kollum fan dit jier. It is alwer safier. It is de tiid om stil te stean by wat foarby is en tagelyk op in goed nijjier te tidigjen. Ik woe der earst net oan meidwaan, mar mei safolle Frysk nijs kin ik it dochs net litte. It hat der alles fan dat de stjerren geunstich steane. Ik freegje my ôf oft Jupiter en Saturnus dêrmei te krijen ha. Dy stiene koartlyn sa dat se tegearre it byld oprôpen fan ien grutte ljochtsjende stjer. Dat wie bysûnder en dat komt net faak foar. Friezen ha wat mei stjerren. Dat faaks ha stjerren ek wat mei it Frysk. Dat wie yn de tiid fan Eise Eisinga eins al sa. Doe like it oft guon planeten sa tichte byinoar kamen, dat der fan alles misbeteare koe. Dat barren yn 1774 late ta it Frjentsjerter planetarium. Jupiter wie en is ien fan de belutsen planeten, doe en no. Ik wit wol, de oerienkomsten hâlde net oer. Dochs soe it moai wêze dat it dêrom op dit stuit mei it Frysk foar wûnder giet, yn alle gefallen op papier.

Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer en Skaadbestjoersôfspraak

Foar wûnder? Ik begjin mei de lêste ludike aksjes, dy fan studinteferiening Bernlef foarop. Tiisdei 22 desimber waard op de Martinytoer yn Grins it Frysk folksliet spile. Dat wie de deis nei’t Jupiter en Saturnus it measte ljocht ferspraten. Alle tiisdeis spilet de beierdier fersyknûmers. Foar dy fersyknûmers moat betelle wurde. It jild giet nei goede doelen. De studinten namen de Grinzer itensbank foar kar. De Grinzer tsjinaksje fan TikTok Tammo om harren flagge op de Aldehou te projektearjen fûn ik like moai. Dat mocht net. Hawar de fraach om allegearre safolle mooglik Grutte Pier syn sizzen: ‘Bûter, brea en griene tsiis ….’ yn it Grinslanners oer te setten is ek goed. Dy aksje moat wer jild opsmite foar de Ljouwerter itensbank. Ik fyn it moai dat sa op boartlike wize de ferbining socht wurdt. Grinslân en Fryslân ha suver oerienkomsten mei Jupiter en Saturnus, se lykje tichter byinoar te kommen.

Der is mear Frysk nijs. Wy ha it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en wy ha it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan de minderheden. Wy ha sels in Wet gebruik Friese taal. Dat is allegearre âld nijs. Wy witte ûnderwilens dat it moaie ferdraggen en wetten binne, mar dat dy net folle opsmite. En dan is der samar nijs út Europa wei: it Europeesk Parlemint hat it Minority SafePack oannommen. It Parlemint ropt tagelyk de Europeeske Kommisje op om mei wetsfoarstellen te kommen. Underwilens twinkelje Jupiter en Saturnus hieltyd moaier. Hoewol, it is wer papier fansels, mar dochs ha ik it gefoel dat de stjer fan it Frysk riist. Yn dyselde wiken makken Provinsjale Steaten en de Twadde Keamer dúdlik folslein efter dat stribjen te stean. Wat der krekt fan op ’e hispel komt, moatte we ôfwachtsje. It is moai om te sjen dat it allegearre yn 2017 begûn mei in hantekenaksje, dêr’t we yn Fryslân oan meidien ha. De planeten lykje tichterby te kommen. Mar der bart mear.

It like wol oft samar ynienen fiif moasjes as fallende stjerren
foar beslútfoarming foarleine

Foar dat soarte fan ferdraggen ha politisy in lange azem nedich. Dat jildt ek foar de moasjes oer Fryske ûnderwerpen dêr’t mids desimber yn de Twadde Keamer oer stimd waard. It like wol oft samar ynienen fiif moasjes as fallende stjerren foar beslútfoarming foarleine. Besletten waard dat De Haach it net mear oer Friesland mar oer Fryslân hat. Fierder moat it Frysk sichtberder wurde. Mei de rjochtbank komt der opnij oerlis oer it brûken fan it Frysk, it Ryk bliuwt belutsen by Tresoar en de moasje oer it MSPI as fiifde dus. Samar ynienen stiet Fryslân yn it ljocht. De stjer fan it Frysk riist. Ik lês opteine berjochten. Ik tink dat it diskear net by papier, net by in papieren stjer bliuwt. Op moandei 21 desimber, de earste wike nei’t alle besluten nommen binne, steane Jupiter en Saturnus op harren moaist. Dat kin gjin tafal wêze. Dat is in nije begjin. Dat wolkens ús it sicht benimme, kin fansels in faai teken wêze.

Dy fiif moasjes hiene der net west as der gjin Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer fan de Provinsje en as der gjin Skaadbestjoersôfspraak fan de Ried west hie. Sûnt is in trajekt ynset om ta resultaten te kommen. Dat slagget net sûnder politisy. Wy kinne yn Fryslân wiis wêze mei it feit dat we politisy ha dy’t wat foar it Frysk dogge. Sûnder oaren tekoart te dwaan wol ik wat dat oanbelanget Aukje de Vries en Harry van der Molen neame. Sy ha dien wat se koene en dat hat de neamde resultaten mooglik makke. Sûnder har gjin moasjes!

26 juny 2019: Harry van der Molen en Aukje de Vries yn aksje foar de sichtberens fan it Frysk. Foto Aant Mulder

Wy ha sokke minsken, sokke ‘wizen’ yn De Haach nedich. Beide Twadde Keamerleden binne it oare jier opnij ferkiesber. Op listen steane út Fryslân wei ek oaren fan oare partijen op ferkiesbere plakken. Befreegje har wat se foar Fryslân en it Frysk dwaan wolle en stim. De ferkiezingen fan it kommende jier binne eins de oanrin nei dy fan 2025. Dan kinne regionale politisy keazen wurde en sa goed as wis makliker as no yn de Keamer komme. No’t alles foar it Frysk wol op papier stiet, wurdt it tiid om yn aksje te kommen. Sizzen is neat, mar dwaan is in ding. Yn 2025 moat de Fryske flagge op de toer fan de Haachske Gruttsjerke waaie kinne, wylst dan tagelyk it Frysk folksliet op it kariljon fan dy toer spile wurdt. Dat soe wat wêze.

It wiene tsjustere tiden. Der wie wol wat beweech yn dat tsjuster. Dat feroare yn desimber. Doe kamen Saturnus en Jupiter op ien line en der foel ljocht op al dy Fryske dokuminten. Dat makke dat Friezen yn aksje kamen. Fryslân waard wat it west hie: in minderheid mei in eigen taal. Dat liket wol in mearke, in mearke dêr’t ik graach yn leauwe wol en dat winskje ik jimme allegearre ta, mar dan wol in mearke dat útkomt. En fansels: In lokkich en Frysk nijjier!

Dizze kear wie troch de krystprogrammearring fan Radio Spannenburch de kollum net op de radio te hearren.

 

desimber 29, 2020 10:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben desimber 29, 17:57

    Goede berjochten Aant, allinne spitich dat de loft hieltiten sa berûn is. Gjin stjer te sjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.