55% Olympysk medaljewinners bliuwt nei karriêre aktyf yn ’e sport

desimber 22, 2020 09:41

Fan alle (opholden) Nederlânske topsporters dy’t tusken 1992 en 2010 in Olympyske medalje wûnen, is 55,1% noch altyd aktyf yn in sportrelatearre funksje. Under hurdriders is dat sels 83,3%. Dat en mear docht bliken út in ûndersyk fan CVSter.nl nei alle cv’s fan alle Olympyske medaljewinners tusken 1992 en 2010.

Ofbylding: Wikipedia (publyk domein)

Seis op ’e tsien âld-hurdriders rjochtsje har noch altyd inkeld op de sport, wylst 22,2% fan de hurdriders wurk yn ’e sport ûnderwilens kombinearret mei in net-sportrelatearre funksje.

Topsporters blike ûndernimmers pur sang
De funksjes dy’t topsporters nei harren sportkarriêre ferfolje, blike meast ûndernimmend fan aard. Ien op ’e trije eks-topsporters is nammentlik eigner of oprjochter fan in eigen ûndernimming of stifting (34,4%).

It kombinearjen fan in eigen bedriuw en in sportfunksje bart ek geregeld. Sa is Olympysk hockeykampioen Peter Windt tsjintwurdich sawol trener fan in Grinslânsk hockeytiim, as eigner fan in fêstgoedbedriuw. Leontien Zijlaard-Van Moorsel kombinearret har passy foar sport mei in rol yn ’e soarch; hja hat sawol in sportkleanline as it saneamde ‘Leontienhûs’, dêr’t minsken mei in ytsteurnis terjochte kinne foar help.

In protte topsporters wurksum yn soarch
Beskate sektoaren blike populêr ûnder eks-topsporters. Sa makken relatyf in soad topsporters de oerstap fan de sport nei de soarch (10,1%). Dêrneist wurkje in protte fan ús Olympyske medaljewinners yn it bedriuwslibben en it ûnderwiis.

Yndividuele sporters bliuwe faker by harren sport
Yndividuele sporters bliuwe it faakst yn ’e sport aktyf. 72,9% fan harren bliuwt behelle by de sport, 11,9% dêrfan foar in part. Dat stiet foar mar 48,4% fan de tiimsporters oer, dy’t nei harren topsportfunksje foar in karriêre yn ’e sport kiest. Fan dy eks-tiimsporters ferfollet 16,4% ek in funksje bûten de sport.

Foaral yn ’e hynstesport bliuwe Olympyske medaljewinners trou oan harren sport. Hast alle ruters hawwe ûnderwilens in eigen wedstriidstâl. Benammen ûnder hockeyers en wetterpoloërs sit dat oars: yn dy sporten is mear as de helte net yn ’e sportbrânsj aktyf.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

desimber 22, 2020 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.