46 Fryske monuminten krije subsydzje

desimber 19, 2020 09:14

Mausoleum Akkrum (foto: Wikipedia/Gouwenaar – CC BY-SA 4.0)

Goed nijs foar eigeners fan 39 Fryske monuminten. Harren oanfraach foar monumintesubsydzje is goedkard. Sy kinne no los mei it restaurearjen, in nije bestimming jaan oan en ûnderhâld fan harren monumint. De eigeners fan sân monuminten kinne mei subsydzje harren restauraasjeplannen útwurkje. It giet om in totaalbedrach fan 2,5 miljoen euro oan ryks- en provinsjaal jild.

Deputearre Klaas Fokkinga: “As deputearre fan erfgoed bin ik optein dat wy dizze monuminten finansjeel stypje kinne. Wy moatte goed op ús erfgoed passe, dat is wichtich foar de identiteit fan ús provinsje. Boppedat hâldt it ús stêden en doarpen moai en leefber.”

Foarbyld beleanne plan
In foarbyld fan in beleanne plan is de westlike pastorij fan de Sint-Bonifatiustsjerke yn Ljouwert. De provinsje stelt 200.000 euro beskikber foar restauraasje by it jaan fan in nije bestimming oan de pastorij mei fjouwer apparteminten op de ferdjippingen. Der wurdt ûnder en yn it sûterrên ek yngeand restaurearre. Dy romten bliuwe yn gebrûk as pastorij.

Mear ynformaasje
De folsleine list mei takende bedraggen is yn ´e taheakke te finen.

Mear ynformaasje oer erfgoedprojekten fan de provinsje Fryslân is te finen op www.fryslan.frl/erfgoed.

desimber 19, 2020 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.