Net inkeld jild foar Fryske Nietzsche, mar ek foar Pippi Langkous
Resint ferskynd

Boarne: Afûk
Der wurde in soad berneboeken yn it Frysk oerset, mar der is gjin priis beskikber foar de minsken dy’t it oersetwurk dogge. Foar de ‘grutte literatuer’ is dy der wol, de Obe Postmapriis. Eins is dat net earlik. Dat is it betinken fan de sjuery fan de Obe Postmapriis. Dy hat dêrom de polityk oproppen om in junior-Obe yn it libben te roppen, sa’t der neist de Rely Jorritsmapriis ek in junior-Rely bestiet.
De oprop wurdt stipe troch de Steatefraksjes fan de FNP en Forum Fryslân. Dy ha it idee yn Provinsjale Steaten ynbrocht.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje