Ried fan de Fryske Beweging kritysk oer notysje DINGtiid

desimber 18, 2020 16:09

Juster reagearre it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging op in notysje fan DINGtiid, dêr’t dat advysorgaan it ynstellen fan in nije Kennisried foar it Frysk yn oanrekommandearret. De Bewegingsried is dêr net bot oer te sprekken en skriuwt yn in brief: “It is de fraach oft sa’n nije advysgroep sûnder beslissingsfoech, útfiering en evaluaasje wat taheakje sil oan de mooglikheden dy’t der no al binne. Yn de Advysnotysje ûntbrekt in ynventarisaasje fan problemen dy’t in kennisberie needsaaklik makket. Der is gjin brekme oan kennis en kunde oer it Frysk. Der is wól in grut tekoart oan in effektive ymplemintaasje fan plannen. Soks wurdt nei it betinken fan de Ried net oplost mei in nije praatgroep.”

Klik op Reaksje RFFB op Advysnotysje DINGtiid om it folsleine brief te lêzen.

desimber 18, 2020 16:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma desimber 18, 17:46

    Ien Dingtiid is mear as genôch…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.