Jiskeman/Asman

desimber 12, 2020 09:30

In nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân! Nyk de Vries skreau spesjaal foar it 150-jierrich bestean fan de Ljouwerter stedsreiniging it gedicht ‘Jiskeman/Asman’. It gedicht yn it Liwwadders stiet ek op de poëzijstien dy’t juster oan de Skrâns yn Ljouwert ûntbleate waard. De Leewarder oersetting is fan Anne Feddema.

De oersetting yn it Nederlânsk fan de dichter sels en de Ingelske oersetting troch David Colmer binne ek werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân fia: www.dichterfanfryslan.nl.

Jiskeman

Wa lêst de stêd better?

Dû hoechst mar in sek iepen te

lûken en de ferhalen tûmelje de dyk op

Jou dy in toskeboarstel, in skoalskrift, twa
âlde skuon en dû tekenst myn libben út

Seit wat ik fuortsmyt net helte mear
as wat ik skrutel bewarje

Ast prate soest
soe ik stil wurde

Asman

Wie leest de stad beter?

Dou hoefst mar un sak open te
skeuren enne ferhalen dwarrele de straat op

Geef dij un tannebussel, un skoalskrift, twee
ouwe skúnen en dou tekenst mien leven út

Seit wat ik futsmiet niet feul meer
as wat ik bang bewaar?

Ast prate súst
sú ik stil wurde

Nyk de Vries / Oersetting nei it Leewarders: Anne Feddema

desimber 12, 2020 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.