Yn oantinken oan Renze Valk (1937-2020)

novimber 13, 2020 10:23

Troch Jabik van der Bij

Fryslân hat in iuwenlange tradysje as it giet om ûnderwiisminsken dy’t har ynsette foar it fuortsterkjen fan de eigen taal en kultuer yn de Fryske mienskip en it ûnderwiis. Guon lieten har dúdlik hearre en oaren wiene de stille krêften dy’t der mei in fûleindigen ynset foar soargen dat it wurk trochgie en lieten de moedfearren net hingje, ek al wierre it net altyd mei om it Frysk syn rjochtmjittige plak te jaan. Renze Valk paste yn dy tradysje. Miskien net altyd op de foargrûn, mar wol fêsthâldend en sykjend nei begeanbere paden om in stapke foarút te dwaan. Freed 6 novimber is hy ferstoarn.

Renze Valk waard berne op 5 febrewaris 1937 yn Warten. Hy wie de middelste fan trije soannen. It wie de bedoeling dat hy Rinse, op syn Frysk skreaun, hjitte soe. Op it gemeentehûs is der wat mis gien. Offisjeel kaam er teboek te stean as Renze op syn Hollânsk. De measten koene him as Rinse en dat paste ek better by him as Fries yn ieren en sinen. Hy krige ek in twadde namme: Wipke. In earder suske Wipkje wie ferstoarn en doe’t Rinse op ’e wrâld kaam, krige er har namme derby.

Rinse groeide op yn de húshâlding fan Durk Valk en Anne Jonker. Heit wie fisker op de binnenwetters om Warten hinne. In hurd bestean mei lange dagen en nachts wekje by de tichtset, want as der in skip oan kaam dan moasten de netten feilich steld wurde. Durk kaam út in fiskerslaach. Der hingje yn it museum It Earmhûs yn Warten ek noch foto’s fan him en in tal fan syn bruorren as hja oan it fiskjen binne. Benammen yn de tritiger jierren en yn de oarloch wie it in hurd bestean mei in lyts leantsje. Om dat wat op te heegjen sutele heit Durk twa kear yn de wike mei syn fiskersboatsje mei bôle yn de bûtengebieten. Durk syn soannen koene goed leare en alle trije krigen se goede banen bûten de fiskerij.

Lykas de measte bern hie de lytse Rinse dêr net folle euvelmoed yn dat se it by har thús net breed hiene. De measte minsken hiene it like krap as hja. Foar him joegen de freonen en it lân foldwaande fertier. Rinse fertelde letter wolris dat er in prachtige bernetiid belibbe hie yn en om Warten, ek al wiene se krap behuze en wie der net folle boartersguod.

Oer syn legereskoaltiid hat er nea safolle loslitten. Hy koe goed meikomme. Skoalle wie gjin straf foar Rinse. In part fan syn skoaltiid spile him ôf yn de oarloch. In protte yndrukken hat dy oarloch net by him neilitten. Hy wist noch fan in razzia te fertellen, mar fierder nimme bern de wrâld sa’t dy him foardocht. Folwoeksenen soargen der ek wol foar dat de bern net opsadele waarden mei harren grutteminskeproblemen.

Nei de legere skoalle wie de mulo foar arbeidersbern al in hiele stap. Der waard net oer in hbs praat, want dat hearde by de hegere stân. Mar as immen in goed ferstân hie, dan koene er noch wol in stapke dwaan. In grut ferskaat oan ferfolchopliedingen wie der noch net. De kweekskoalle wie foar in protte de opstap nei mear. Net om ’e nocht waard de kweekskoalle ek wolris de universiteit fan de arbeider neamd. Sa bedarre Rinse yn it ûnderwiis. Yn syn jonge jierren hold er him ek al dwaande mei it Frysk. Hy wurke doe by it Frysk programma fan de Regionale Omrop Noord en Oost (de RONO). Hy sette dêr ferskate lietsjes oer yn it Frysk. Harry Tops en oaren hawwe dêr ferskillende fan songen.

Rinse hold fan reizgjen. Sa rekke er as jongfeint yn ’e kunde mei in jongeman út Denemarken. Dy wie yn Fryslân om it poatbekappen te learen, mar hy koe him net sa goed fersteanber meitsje tusken de Friezen. Rinse waard der by helle om te tolkjen. Doe’t de Deen wer nei hûs gie frege er Rinse om achter op syn motor mei te gean nei Denemarken, mar dan moast er werom liftsje. Dat gie oan en Rinse kaam feilich wer thús. Sa hat er yn syn jonge jierren ek in tal kearen yn Noard-Frankryk fakânsjewurk dien. “Goed foar myn talen”, sei Rinse. Hy joech ek syllessen oan gasten fan de Prinsehôf. Poer geskikt foar Rinse. Hy kaam maklik yn ’e kunde mei frjemden. Dat kaam letter by syn wurk ek goed te pas op bûtenlânske kongressen.

Rinse learde syn frou Martsje kennen yn Vreewijk yn Drachten, op in dûnsjûn. Flak dêrnei krige er gielsucht. Dat skipe er fan in lestige learling, in famke. Dy moast flak foar him sitte, sadat er har yn ’e gaten hâlde koe. Mar om’t gielsucht besmetlik is, krige hy dat ek. Rinse hat seis wike út ’e rûlaasje west en moast yn it begjin foaral op bêd lizze. Hy begûn brieven te skriuwen nei Martsje. Dy sloegen earst net oan, mar nei’t er wer persoanlik mei har prate koe, draaide it op ferkearing út en nei in jier binne se troud. “It grutste gelok yn myn libben”, fertelde er letter.

It finen fan in wenning wie yn dy tiid net sa maklik. Je stiene faak hiel lang ynskreaun. Doe’t Rinse him ynskriuwe liet kaam er yn in lyts kantoarke dêr’t in man achter it glês siet. Foar it loket stiene in pear manlju te roppen en te razen, poerrazend dat se noch net in hûs hiene. “Giet dat hjir altyd sa?” sei er tsjin dy man en makke in freonlik praatsje. “Ik ha efkes noflik mei de man praat”, fertelde Rinse letter. Net lang dêrnei krigen Rinse en Martsje harren flatsje. Tegearre krigen se trije bern. Rinse wie wiis mei syn kroast en hy woe graach fertelle oer syn pakesizzers, famyljeman as er wie.

Underwilens hie Rinse de stúdzje ferfette. Underwiiskunde by prof. Van Gelder. Yn de jûnsoeren blokke en twa kear yn ’e wike nei de kolleezjes. Trije jier MO-A en trije jier MO-B. Dat kin allinne mar as de partner derachter stiet en in protte yn de húshâlding berêdt. Foar Martsje like dreech as foar Rinse. It mear wie noch net fol by Rinze doe’t er syn MO-akten hie. Der moast ek noch in doktoraal achteroan. Nochris trije jier. Rinse hie doe al in stap makke nei de oplieding foar beukerliedsters en doe’t der nei in tal fan jierren it plak fan direkteur frijkaam wie Rinse ien fan de gadingmakkers. Hy krige de baan dy’t him op it liif skreaun wie. Ynnimmend as er wie koe er goed oer de wei mei de leararen en learlingen. Hy hat wolris sein dat it ien fan syn moaiste banen wie.

Yn 1980 soe Frysk in ferplichte fak wurde yn it leger ûnderwiis en rillegau dêrnei soene legere skoalle en beukerskoalle tegearre basisskoalle wurde. It wie foar Rinse net te begripen dat it Frysk dan net in ferplichte fak waard yn it beukerûnderwiis. As direkteur fan de oplieding foar beukerliedsters hat er alle war dien om dat dertroch te krijen. Dat slagge net, want Fryske pommeranten wiene bang dat it proses yn De Haach dan fertraagje soe. Trouwens oer dat hiele fúzjegedoch siet er yn noed. Soe de beuker noch beuker bliuwe kinne of moast dy no learling wurde?

En sa bedarje wy yn de fúzjeprosessen: beuker- en legere skoallen moatte ienwurde en as oanrin dêrta de opliedingen. De stuolledûns om de direksjeplakken koe begjinne. Rinse hat it ûndertiid wol sjoen. Der is in fakatuere fan direkteur/skriuwer by de Provinsjale Underwiisried. Hoewol’t syn brief eins te let wie, krige er de baan by de Underwiisried. In respektabel ynstitút mei as earste skriuwer de ferneamde dr. Wumkes yn 1928. Rinse en ik moeten inoar wat faker, minstens twa kear yn ’e moanne, omdat ik foarsitter wie fan de fjirde ôfdieling (Frysk). It wiene skoandere tiden dêr’t wy mei oare bodders foar it Frysk yn it ûnderwiis fiergesichten sketsten. Dochs duorre dat net lang. It Ryk en it provinsjebestjoer fûnen de Underwiisried te djoer. Oeren en oeren ha wy deryn stutsen om it ûnheil te kearen. Wat wy dermei berikten wie in nije sterk ôfslanke Wolwêzensried mei trije poaten. Ien dêrfan wie ûnderwiis. Rinse en ik koene hast hân yn hân oer nei de nije situaasje. Hy as direkteur/skriuwer en ik as foarsitter fan de seksje ûnderwiis. De bân waard mei de jierren hechter.

Mar ek de Wolwêzensried wie te djoer foar it provinsjebestjoer. Rinse keas derfoar om mei pensjoen te gean. It wie it momint dat wy ein foarige iuw begûnen te praten oer in promoasjeûndersyk. Fansels wat mei Frysk. Dy oanrin hat trije jier duorre. Faak sieten wy in dei lang te harsenskrabjen en tekenen wy fan alles op papier en oan ’e ein fan de dei ferskuorden wy it wer. In pear kear yn de auto nei de Vrije Universiteit yn Brussel nei prof. Elchardus, mar dat like ús dochs gjin begeanber paad. Wy ha ek in pear kear yn Wageningen west by prof. Van Woerkom, mar dy wie ús te sweverich. En dan bleau it samar wer in skoft lizzen. Rinse koe de gedachte fan promoasje net loslitte. Doe’t wy beide mei pensjoen wiene, kaam der mear gong yn. Rinse siet yntusken yn de KAG, in projektgroep mei stipe fan de provinsje om it Frysk yn it fuortset ûnderwiis in triuw te jaan. En doe kamen wy al pratend op de gedachte om in effektûndersyk te dwaan nei de resultaten fan dat projekt. It wie mar goed dat wy fan tefoaren net wisten wat der op ús ôfkaam. Der is in boek oer te skriuwen. Dan is it moai dat je tegearre binne. Ik ha faak roppen: “Ik hâld dermei op.” Rinse bleau geduldich en seach altyd wer ljochtpuntsjes. By al dy yngewikkelde statistykprogramma’s en frjemde berekkeningen liet er my wat piele. Hy sei wolris: “Ik hoopje mar net dat se my dêr letter mei lestich falle.” Moarns njoggen oere begûnen wy en jûns in oere as fiif siet ús wurkdei derop. Der binne hiel wat bakjes kofje trochgien, want Rinse woe altyd noch wol ien ha. Sa binne wy nei de ein skarrele mei as beleanning de doktorsbul.

Oft it komt trochdat ik Rinse wat miste doe’t wy op 10 desimber 2005 klear wiene mei de dissertaasje wit ik net, mar yn 2006 ha ik Rinse daliks frege om skriuwer fan de Ried fan de Fryske Beweging te wurden, dêr’t ik foarsitter fan wie. “In gouden keppel”, seine guon. Wy lutsen tegearre de Ried, wy bellen hast alle dagen efkes. Rinse hie in breed netwurk en benammen op it provinsjehûs wie er bern oan hûs. Neffens my ha wy nea ûnienichheid hân. Dat lei him miskien mear oan him as oan my, guodlik en fêsthâldend as er wie. Nei 12½ jier bin ik opholden mei de Ried. Rinse gie troch en hat noch in protte wurk ferset foar de Ried ek al krige er stadichoan mear lichaamlike beheiningen. Dêr prate er leaver net te folle oer. Sa hat er noch meiwurke oan Fan ûnderop, it saneamde Oanfalsplan Frysk en de Skaad Bestjoerôfspraak. Ek al liet syn lichem him hieltyd faker yn ’e steek en moast er dêrom wolris ferstek gean litte: hy koe syn krewearjen foar it Frysk min loslitte. Mei tinkend sûnder fûl op de tromme te slaan wie er in skeakel fan rêst yn de petearen en dy’t kâns seach om partijen byinoar te krijen.

No wurdt it stil. Rinse bellet net mear.

 

novimber 13, 2020 10:23
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. - novimber 13, 13:57

    ‘TA oantinken oan’ en ‘YN oantinken hâlde

  2. Sybren novimber 13, 15:54

    Moai

  3. Frâns Kuipers novimber 13, 18:01

    Moai ferhaal! Ik koe Rinse wol, mar no kin ik him folle better!!

  4. Tom Dykstra novimber 18, 10:30

    In moai oersjoch. Sels ha ik him yn al dy jierren ek meimakke.Fan ûnderwiisried nei de Ried fan de Fryske Beweging. Ferbinend en fêsthâldend, mar Renze bellet (ek my) net mear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.