Yn 2020-2021 gjin kampioenskippen Frysk damjen

novimber 12, 2020 08:44

FRYSK! basisskoallen 2019: sfearympresje

De Stifting WFD sjocht der troch de koroanakrisis fan ôf om yn 2021 offisjele WFD-toernoaien te hâlden. Dêrom gjin nasjonale kampioenskippen Frysk Damjen of FRYSK! (Frysk Damjen mei fiif houten de spiler) yn Tsjechië, Italië of Wyt-Ruslân. It Nederlânsk kampioenskip FRYSK! ferfalt ek yn it seizoen 2020-2021. De twakamp tusken Marten Walinga (regearjend kampioen) en Folkert Groenveld (útdager) om it wrâldkampioenskip is de iennige dy’t wol trochgiet.

Yn de frijkommende tiid wol de stifting – dy’t as doel hat it Frysk damjen wrâldwiid as nijsgjirrige wedstriidsport bekender te meitsjen – him konsintrearje op fierdere profesjonalisearring en útwreiding om sa út te groeien ta in ynternasjonale organisaasje. Dy sil as koepel fungearje oer pleatslike, regionale en lanlike organisaasjes, dy’t elk foar oar op har eigen mêd oan it doel fan ’e stifting wurkje. De oansletten organisaasjes sille hieltyd mear de praktyske organisaasje fan toernoaien op har nimme. De wrâldorganisaasje giet troch mei oantrúnjen en beweitsjen fan ’e toernoaien en bliuwt sels direkt ferantwurdlik foar de wrâldkampioenskippen.
De stifting ûnder foarsitterskip fan Marten Walinga wurdt fersterke mei twa nije bestjoersleden: Jouke Algra út Penjum en Frederik Bos út Grins. Skriuwer fan de stifting is Liuwe Westra fan Lollum.

novimber 12, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.