Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 6 oant en mei 12 novimber 2020  

novimber 14, 2020 11:05

It tal koroanabesmettingen is yn Fryslân knap sakke: 561 positive testen, in treddepart minder as de wike dêrfoar. Ungefear likefolle minsken lieten har teste omdat se klachten hiene.

It wie foar de twadde wike dat minder santichplussers besmet rekken, sawol yn werklike oantallen as yn persintaazjes. It gie no om tsien persint; it heechste persintaazje wie fyftjin. Dochs rekken yn fjouwer gemeenten krekt wol in protte minsken fan dy jierren besmet: yn Súdwest-Fryslân (23 persint 70 jier of âlder), yn Noardeast-Fryslân en East- en Weststellingwerf (sa’n tweintich persint). It kin wêze dat it komt trochdat dy gemeenten nochal war ferpleech- en fersoargingshuzen hawwe.

Oersjoch gemeenten (tusken heakjes de oantallen fan de foarige wike)
Súdwest-Fryslân,  noch hieltyd de measte besmettingen, al sakket it wol: 133 (212), Ljouwert 73 (129), It Hearrenfean 58 (68), Smellingerlân 48 (52), Noardeast-Fryslân 45 (42), De Fryske Marren 38 (79), Eaststellingwerf 36 (25), Weststellingwerf 29 (45), Waadhoeke 22 (49), Tytsjerksteradiel 20 (33), Dantumadiel 20 (19), Opsterlân 18 (16), Achtkarspelen 16 (31), Harns 4 (20), Flylân 1 (1), It Amelân 0 (9), Skylge 0 (6) en Skiermûntseach 0 (1).

Sifers
De 561 positive testen meirekkene binne der yn Fryslân no 6883 ynwoners mei it firus besmet. De GGD krige dizze wike seis meldingen fan besmette minsken dy’t stoarn binne. De wyks dêrfoar acht. It offisjele koroanastjertesifer is no 99. Fjouwer minsken moasten yn it sikehûs opnommen wurde.

novimber 14, 2020 11:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.