Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 30 oktober oant en mei 5 novimber 2020

novimber 8, 2020 09:59

It tal koroanabesmettingen yn Fryslân sakket troch. Der wurdt ek minder om testen frege. Dêrtroch hat de GGD Fryslân mear romte foar it boarne- en kontaktûndersyk. Dochs bliuwt de GGD wach, want ûnder de âlderein binne noch hieltyd in soad besmettingen.

Ofrûne wike wiene der 839 besmettingen, wer minder as de wiken dêrfoar, doe’t it tal ek hieltyd stadich sakke. De lanlike maatregels fan 13 oktober en dêrnei hawwe effekt.

Gemeentegewiis seach it der sa út (tusken heakjes it tal fan foarige wike: Súdwest-Fryslân 212 (175), Ljouwert 129 (157), De Fryske Marren 79 (82), It Hearrenfean 68 (44), Smellingerlân 52 (87), Waadhoeke 49 (69), Weststellingwerf 45 (65), Noardeast-Fryslân 42 (55), Tytsjerksteradiel 33 (34), Achtkarspelen 31 (30), Eaststellingwerf 25 (49), Harns 20 (18), Dantumadiel 19 (17), Opsterlân 16 (24), It Amelân 9 (5), Skylje 6 (10), Flylân 1 (2) en Skiermûntseach 1 (2).

It persintaazje âlderen dat besmet rekket, stiicht wat troch. Mear as in fjirdepart fan de besmette persoanen wie sechstich jier of âlder en it tal fersoargings- en ferpleechhuzen dêr’t bewenners of meiwurkers posityf test binne nimt ta.

De GGD krige acht meldingen fan stjergefallen fan besmette minsken. Yn totaal binne no 93 minsken oan koroana stoarn. Sân minsken moasten yn it sikehûs opnommen wurde. Ferline wiene dat twa en de wike dêrfoar 14.

novimber 8, 2020 09:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.