Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 20 oant en mei 26 novimber 2020   

novimber 28, 2020 11:06

GGD Fryslân registrearre de ôfrûne wike 672 posityf teste persoanen. De wike dêrfoar gie it oantal fan 561 nei 720 omheech. Der waarden fan ’e wike 7946 testen ôfnommen. De wike dêrfoar 7585.

Yn totaal binne no yn Fryslân 8275 ynwenners besmet rekke. Fan ’e wike binne der 13 stoarn (ferline wike 17), yn totaal 129, en 6 yn in sikehûs opnommen (ferline wike 12).

It tal besmettingen ûnder santichplussers bliuwt nuodlik heech, mar it wurdt net heger: 87 tsjin de wike dêrfoar 104. Yn ferpleech- en fersoargingshuzen sakke it fan 65 nei 47.

Under de ben fan 12-17 jier waarden 94 posityf test. De foarige wike ferdûbele dat oantal (fan 47 nei 101).

Gemeentlike sifers 
Nije besmettingen fan ’e wike (tusken heakjes de wike dêrfoar): Súdwest-Fryslân 164 (211), Ljouwert 128 (137), Eaststellingwerf 55 (33), Waadhoeke 49 (45), It Hearrenfean 43 (28), De Fryske Marren 40 (39), Noardeast-Fryslân 38 (54), Smellingerlân 35 (40), Opsterlâd 25 (23), Weststellingwerf 23 (29), Tytsjerksteradiel 23 (24), Achtkarspelen 22 (29), Dantumadiel 16 (18), Harns 7 (8), Skylge 3 (2), Flylân 1 (0), Amelând 0 (0) en Skiermûntseach 0 (0).

Winkelje foar de feestdagen
De Feilichheidsregio en GGD Fryslân binne bang dat it winkeljend publyk net genôch ôfstân hâlde kin no’t ferwachte wurdt dat dit jier folle mear kado’s kocht wurde sille as oars. Elkenien wurdt frege om op rêstige tiden en plakken te winkeljen.

Teste sûnder klachten
Fan 1 desimber ôf kinne twa groepen minsken har by de GGD teste litte sûnder dat se klachten hawwe: 1) minsken dy’t as kontakt nei foaren komme út boarne- en kontaktûndersyk en 2) minsken dy’t in warskôging krigen op de koroanamelder-app dat se yn nau kontakt mei in besmet persoan west ha. Dat kin fan de fiifde dei 6of dat harren karantêne jildt.

1 desimber is ek de datum dat de lanlike ferplichting yngiet om in mûldoekje te dragen yn publike gebouwen.

novimber 28, 2020 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.