Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 13 oant en mei 19 novimber 2020   

novimber 21, 2020 09:59

Mocht it tal besmettingen de lêste wiken hieltyd sakje, de ôfrûne wike gie it wer omheech: 720, in fearn mear as in wike earder. It naam yn de hiele provinsje ta en sawol ûnder jong as âld, ûnder jongfolk oant de tweintich is sels fan in ferdûbelng sprake. It opfallende is dat wylst it tal besmettingen lanlik sakke, it yn Fryslân, Grinslân, Seelân en Flevolân omheech gie. Wêrtroch is noch net te sizzen.

Fryslân kriget noch foar krystdagen in fiifde testlokaasje (It Hearrenfean) en der komt ek in fluchtestslokaasje. Wêr’t dy komt is noch net útmakke. Dêr kinne deis 1225 testen dien wurde plus 475 PCR-testen, de betrouberste. Op it stuit kin GGD Fryslân deis 2400 minsken teste. Mei de nije testmooglikheden derby twa kear safolle.

De positive testen fan ôfrûne wike meirekkene, binne yn Fryslân no 7603 ynwenners besmet rekke. Ofrûne wike binne 17 besmette minsken stoarn. Yn totaal stiet it tal deaden no op 116. Tolve minsken moasten opnommen wurde.

Gemeenten 
Besmettingen ôfrûne wike (tusken heakjes de wike dêrfoar):
Súdwest-Fryslân 211 (133), Ljouwert 137 (73), Noardeast-Fryslân 54 (45), Waadhoeke 45 (22), Smellingerlân 40 (48), De Fryske Marren 39 (38), Eaststellingwerf 33 (36), Achtkarspelen 29 (16), Weststellingwerf 29 (29), It Hearrenfean 28 (58),  Tytsjerksteradiel 24 (20), Opsterlân 23 (18), Dantumadiel 18 (20), Harns 8 (4),  Skylge 2 (0), Flylân 0 (1), It Amelân 0 (0) en Skiermûntseach 0 (0).

novimber 21, 2020 09:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.