Wurk fan Jorn van Leeuwen yn Afslag BLV

novimber 24, 2020 08:51 Fernijd

Keunstner Jorn van Leeuwen ûndersiket al tsien jier de geranium as symboal fan alles wat mei foldienens te krijen hat. Troch it kweken, stekken, ûntwoarteljen, fotografearjen en destillearjen komt er ta nije ideeën, skilderijen, tekeningen, wandkleden en glês-yn-leadruten. Syn wurk is oant en mei 14 maart 2021 te sjen yn Afslag BLV, de dependânse fan Museum Belvédère yn it sintrum fan It Hearrenfean.

Wurk fan Jorn van Leeuwen (boarne: Museum Belvédère)

Jorn van Leeuwen (1982) manipulearret en ferknipt de stâlen fan de geraniums ta hast ûnnatuerlike ferskiningen. Troch de wize dêr’t er se op delset, wurde it hast portretten mei in eigen persoanlikheid. Stadichoan slûpe der ek nije tema’s en motiven yn syn wurk, altyd ôfkomstich út de direkte omjouwing fan de keunstner. Sa is syn folkstún in boarne fan ynspiraasje.

Dêr fynt er primula’s, sinneblommen, ierdparren en drûchboeketten, dy’t soms – neigeraden de seizoenen – it plak fan de geranium ynnimme. De achtergrûnen wurde bepaald troch patroanen út de Arabyske wrâld, kezinen en fitraazjes út filmstills, tsjerkeruten, balkonstekjes en blompotten. De útstalling Suilen (skûlje) jout in lyts oersjoch fan syn wurk dêr’t er nei ferstilling en spanning yn siket, troch alledeiske en net-alledeiske motiven mei-inoar te kombinearjen. Sa skept er wrâlden om yn te skûljen.

De keunstner oer dizze searje
“As ús twajierrich jonkje Bodo ‘suilen’ seit, bedoelt er Skûlje, in liet fan Sesamstraat dat er graach hearre wol. Ofrûne simmer bruts er beide skonkjes en it liet holp him om de pine efkes te ferjitten. Tsientallen kearen hawwe wy der mei-inoar nei harke. It refrein bleau my de rest fan ’e simmer yn ’e holle hingjen, ûnder it skilderjen ek: Lit ús skûlje foar de rein, foar de rein en foar de kjeld…’
In soad fan myn wurk giet eins oer skûljen, skûlje efter gerdinen, skûlje efter planten, skûlje efter glês. Myn lêste skilderij haw ik dan ek de titel Suilen jûn. It ferbyldet it útsicht fanút ús fakânsjehúske yn Gasselte, dêr’t Bodo syn skonkjes bruts.”

Wurk fan Jorn van Leeuwen (boarne: Museum Belvédère)

novimber 24, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.