Wittenskip: ‘Bliid dat wolf werom is, mar gefaar wurdt ûnderskat’

novimber 18, 2020 16:10

De wolf hat him definityf wer yn Nederlân fêstige. Dat docht bliken út spoareûndersyk fan ekolooch Hugh Jansman. Ut DNA fan wolvekeutels laat er ôf dat wolvewelpen dy’t op Nederlânske boaiem berne binne no op harren bar in eigen territoarium feroverje.

Foto: pixabay.com

Neffens Jansman is it hjir foar de wolf ‘taffeltsje dekje’ troch it grutte oanbod oan proaibisten. Mar de wolf fynt it hjir sá oantreklik dat ekolooch Geert Groot Bruinderink slim yn noed sit. “Minsken dy’t tige entûsjast binne oer de wolf, ferjitte faak dat dy ek in probleem wêze kin. Hy kin minsken oanfalle.”

Groot Buinderink pleitet derfoar om minsken en wolven sa fier mooglik útinoar te hâlden, mar oft dat yn ús tichtbefolke lân slagje sil, betwivelet er. Wy hawwe it de wolf neffens him fierste maklik makke “troch jierrenlang tekoartsjittend natuerbelied, sadat it tal hoefbisten folslein de pan út riisd is”. Troch al dy proaibisten sil neffens him it tal wolven yn beskate gebieten fluch tanimme, sadat it hieltyd dreger wurdt dat wolf en minske inoar ûntrinne.

Jansman en Groot Bruinderink ljochtsje harren befinings woansdei 18 novimber ta yn it NTR-wittenskipsprogramma De Kennis van Nu (22.25 oere, NPO 2).

Op it stuit telt Nederlân likernôch fyftjin wolven. Geregeld komme se negatyf yn it nijs as boeren harren skiep deabiten weromfine. Skiepharder Lammert Niesing beskermet syn skiep no mei spesjaal kramtried tsjin wolven. “Dy wolf is der no ien kear. Ik sil der mei libje leare moatte.” Dat de it weromkommen fan de wolf ek positive gefolgen hawwe kin, lit ekolooch Bjorn Mols op de Feluwe sjen. Sa soene neffens him wolven bygelyks yndirekt harten út de buert fan kuierpaden driuwe kinne. Harten binne de transporteurs fan tiken. En dêr’t minder harten binne, dêr binne minder tiken en dat is fan betsjutting.

De Kennis van Nu is it wittenskipsprogramma fan de NTR, presintearre troch Dirk de Bekker, Elisabeth van Nimwegen en Lieven Scheire.

De Kennis fan Nu, woansdei 22.25 oere NPO 2

novimber 18, 2020 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.