Wiebes hâldt syn wurd yn omjouwingsproses Ternaard

novimber 5, 2020 12:50

De Regiobrief, mei dêryn de ôfspraken tusken minister Wiebes, NAM en de regionale oerheden oer it gebietsfûns dêr’t € 60 miljoen út de ynkomsten fan it gasfjild Ternaard yn stoart wurde sil, is ynkommen. Dat wurdt sjoen as in moai resultaat fan konstruktyf gearwurkjen. Net earder krige yn Nederlân in regio jild út de gasopbringsten. As ta gaswinning oergien wurdt, giet dat jild nei in gebietsfûns om oan de regio te’n goede te kommen. Soks kin in oanset wêze om yn oare regio’s neifolging te krijen. Nettsjinsteande dat binne de trije Fryske oerheden tsjin nije gaswinning, mar as dan dochs ta eksploitaasje fan it Ternaarder Fjild besletten wurdt, is yn alle gefal mar regele dat it gebiet sels der ek wat foar weromkriget.

De ôfspraken wiene op 9 desimber 2019 al makke, mar no binne se dan ek skriftlik befêstige. De Gebietskommisje yn Oprjochting kin no fierder om klear te wêzen as de minister beslút om ta gaswinning oer te gean. Der sille spulregels makke wurde foar de besteging fan it jild. Dat giet om fersâltsjen, enerzjytransysje en sosjaalekonomyske fitaliteit.

De Fryske oerheden – de provinsje, Wetterskip Fryslân en de gemeente Noardeast-Fryslân – binne tsjin nije gaswinning, mar se kinne it net opkeare, want dêr giet de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat oer. Mei ynwenners en belange-organisaasjes hawwe se mei it ministearje fan EZK en de NAM by wize fan proef en foarbyld ôfspraken makke om ta in ferdieling lêsten, lusten en sizzenskip te kommen foar it gefal der wol ta gaswinning oergien wurdt.

Brief fan de minister

novimber 5, 2020 12:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.