Waarpraatsje: Woansdei sinne

novimber 17, 2020 21:59

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skiere mar wol foar it grutste part drûge tiisdei sjogge wy woansdei de sinne wer.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 8 graden.

Woansdei is de loft earst noch berûn, mar letter skynt de sinne ek. Yn ‘e jûn rekket de loft wer berûn. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Fan tongersdei ôf wurdt it wer wat ritiger en ek wat ‘kâlder’.

Jan Brinksma

novimber 17, 2020 21:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.