Waarpraatsje: Tongersdei wat rein en buien

novimber 11, 2020 19:05

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in rêstige en skiere woansdei krije wy tongersdei wer wat rein en letter falle der in pear buien.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it suden en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 8 graden.

Tongersdei is de loft earst berûn en sil it in skoft reine. Letter binne der ek in pear opklearringen, mar dan falle der ek wat buien, miskien wol mei tonger. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns krêftich. Tsjin ‘e jûn jout de wyn him wat del. De temperatuer leit om de 11 graden hinne.

Fan freed oant moandei is it skier mei sa út en troch wat rein. It bliuwt oan de mylde kant.

Jan Brinksma

novimber 11, 2020 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.